Regensburg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
Rigel 29:
Sûnt de 6e iuw hearsken de Agilolingen oer Regensburg. Fan likernôch 530 oant de earste helte fan de 13e iuw wie Regensburg de haadstêd fan Beieren. Regensburg is ien fan de âldste bisdommen fan Dútslân, dat al ferskillende desinnia bestie doe't [[Bonifatius]] it yn 739 oan it [[Kanonyk Rjocht]] en dêrmei oan de Biskop fan Rome ûndergeskikt makke.
 
Nei't fjirtjin Boheemske prinsen harren yn Regensburg dope litte hiene, waard de stêd de basis foar it kristenjen[[kerstenjen]] fan de [[Tsjechen]]; it bisdom Regensburg wie it memmebisdom fan dat fan Praach. Sa waarden de Tsjechen oars as oare Slavyske folken net otterdoks, mar roomsk-katolyk. Yn it jier 800 hie Regensburg al 23.000 ynwenners, yn it jier 1050 wie it ynwennertal al tanommen oant 40.000. Yn dy tiid wie de stêd grutter as [[Rome (stêd)|Rome]] en [[Keulen]] en der waard hannel dreaun mei stêden lykas Feneesje, Kiëv en Parys. Ek wie neffens in gesant fan de kalyf fan Córdoba Ibrahim ibn Yaqub de stêd in sintrum fan midsiuwske [[Slavernij|slavehannel]]. De hannel bestie út it eksportearjen fan kriichsfinzene [[Balten]] en [[Slaven (folk)|Slaven]] nei [[Islaam|islamityske]] gebieten.
[[File:Regensburg, Steinerne Brücke09.jpg|thumb|250px|left|<center>''Stiennen brêge''</center>]]
De [[Romaanske arsjitektuer|romaanske]] en [[Gotyk|goatyske]] arsjitektuer fan de midsiuwen behearskje noch jimmeroan it oansjen fan de histoaryske binnenstêd. In teken fan de wolstân fan de stêd is de bou fan in stiennen brêge oer de Donau tusken 1135 en 1146. It midsiuwske bouwûnder droech noch mear by oan de wolstân fan de stêd en stie model foar de bou fan in soad oare brêgen.
Rigel 38:
 
Om't de ekonomyske sitewaasje dêrnei net ferbettere en der noch oanhingers fan de Beierske hartoch yn de stêd wiene, bleau der gestokel. In tiidrek fan sosjale ûnrêst ûnstie dy't wol tritich jier oanhold en lang om let, gebrûk meitsjend fan it machtsfakuüm dat nei de dea fan keizer Maksilmiliaan I yn 1519 ûnstie, útmûne yn de feroardening fan de stedsried dat de hiele joadske mienskip de stêd ferlitte moast.
 
==== Reformaasje ====
[[File:Haidplatz - Neue Waag - Regensburg.jpg|thumb|260px|<center>''De ''Nije Waach'' dêr't it godstsinstpetear tusken [[Philipp Melanchthon]] en [[Jehannes Eck]] plakfûn''</center>]]