Tjarko Meyer Cramer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
wurk
Rigel 2:
'''Tjarko Meyer (Lucas) Cramer''' ([[Manslagt]], [[1 juny]] [[1780]] - [[Rome]], [[26 april]] [[1812]]) wie in [[Dútslân|Dútske]] [[keunstskilder]]. Hy waard benammen bekend fan syn skilderij fan de finzennimming fan [[Ocko I tom Brok]] troch [[Focko Ukena]] yn 1427. It grutste part fan syn wurk wurdt as ferlern beskôge.
[[Ofbyld:Focko Ukena.png|thumb|180px|[[Okko II tom Brok]] as finzene foar Fokko Ukena nei de [[Slach op de Wylde Ikers]]]]
 
== Libben en wurk ==
Tjarko Meyer (Lucas) Cramer wie de âldste soan fan de ûnderwizer Albert Dircks Cramer en in dochter fan de Manslagter predikant Tjarko Meyer. Hy hie fjouwer bruorren, fan wa't der twa ek skilderen en fan wa't skilderijen en tekeningen bewarre bleaun binne.
 
Koart skoft nei syn berte moat de húshâlding nei [[Emden]] ferhuze wêze, dêr waard Tjarko grutbrocht. Dêr learde de pleatslike skilder Peter Anton Honsberg him de grûnbegjinselen fan it skilderjen. Sa't it like hied er súkses mei't in groep keunstleafhawwende freonen fan de famylje him de nedige lessen oan de Keninklike Deenske Keunstakadeemje (''Det Kongelige Danske Kunstakademi'') yn [[Kopenhagen]] foar him betelle. Hy skreau him wierskynlik yn de maitiid fan 1800 yn en studearre dêr de folgjende achttjin moannen. Syn lêste wurk wie in selsportret, dêr't er op 5 oktober 1801 de lytse sulveren medalje fan de Akademy foar krige.
 
== Bewarre wurk ==