Tjarko Meyer Cramer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
LNo edit summary
Rigel 7:
[[Ofbyld:Focko Ukena.png|thumb|180px|[[Okko II tom Brok]] as finzene foar Fokko Ukena nei de [[Slach op de Wylde Ikkers]]]]
 
Dêrnei gong er foar koarte tiid werom nei Emden, wie in lyts jier yn [[Berlyn]] en ferhuze lang om let yn'e hjerst fan 1803 nei [[Dresden]]. Dêr wurke er as kopiïst yn de Galery fan Alde Masters (''Gemäldegalerie Alte Meister''). Hy folde syn ynkommen oan mei kopyen fan Italjaanske masters en skilderijen fan [[Peter Paul Rubens|Rubens]], dy't er yn Emden ferkocht. Dêrtroch waard er ferneamd yn East-Frylân en krige dêr yn 1803 syn meast wichtige opdracht: De [[Ostfriesische Landschaft]] joech him opdracht in skilderij te meitsjen fan it fêstnimmen fan Ocko tom Brok nei de [[Slach op de Wylde Ikkers]] yn 1427 en betelle him dêr de som fan 400 gûne foar.
 
Dochs bleau Cramer net yn East-Fryslân. Yn 1804 reizge er earst nei Switserlân en dêrwei troch Italië nei [[Rome]], dêr't er ûnder oaren Caroline en [[Wilhelm von Humboldt]] en de Deenske byldhouwer [[Bertel Thorvaldsen]] trof. Ek yn Rome foltôge er opdrachten út East-Frylân, sa as in foarstelling fan de Ferrizenis, dy't oant de brân fan 1943 in grut alterstik wie yn de katolike tsjerke yn Emden.