Bad Arolsen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px | Flagge= | Wapen= 80px | Ynwennertal= 15.571 <small>(31.12.2020)</small>| Oerflak= 126,38 km² | Befolkingstichtens= 123 / km² | Stêdekloft= | Hichte= 290 m | Lân= 20px Dútslân | Bestj. ienh. 1= Dielsteat | Namme bestj. ienh. 1= border|20px Hessen | Bestj. ienh. 2= Lânkring | Namme bestj. ienh. 2..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 12 okt 2021 om 12.46

Bad Arolsen (oant 1997 Arolsen) is in stêd yn de noardhessyske lânkring Waldeck-Frankenberg, Dútslân. Yn in soad fan de doarpen dy't yn 1974 by de gemeente Arolsen waarden yndield wurdt noch it útstjerrende nederdútske "Waldecker Platt" praat.

Bad Arolsen
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Hessen
Lânkring Waldeck-Frankenberg
Sifers
Ynwennertal 15.571 (31.12.2020)
Oerflak 126,38 km²
Befolkingstichtens 123 / km²
Hichte 290 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 22´N 09° 1´E
Webside www.bad-arolsen.de

Skiednis

 
Slot Arolsen

De namme Arolsen waard foar it earst yn 1131 mei de stifting fan it augustinessen-stift Aroldessen neamd.

By de ynfiering fan de reformaasje yn 1526 waard it kleaster sletten en ferboud ta de residinsje fan de greven fan Waldeck. It hjoeddeiske Slot Arolsen waard op it plak fan it âlde slot yn it begjin fan de 18e iuw boud.

Op 2 augustus 1858 waard op it slot fan Arolsen Emma fan Waldeck-Pyrmont berne. Emma boaske letter yn de slottsjerke fan Areolsen mei kening Willem III en wie nei syn dea keninginne-regitesse fan it lân.

Yn 1918 waard de lêste foarst fan Waldeck-Pyrmont Friedrich (1865–1946) op 13 novimber 1918 troch in delegaasje fan in arbeiders- en soldatenried út Kassel ôfset. It eardere foarstendom Waldeck-Pyrmont waard in frijsteat yn de Weimarrepublyk.

Stedsyndieling

Yn it ramt fan de weryndielings yn Hessen waarden yn 1974 meiïnoar tolve eardere selsstannige plakken yndield by Arolsen. Sûnt bestiet de gemeente út de folgjende stedsdielen:

  • Bad Arolsen
  • Braunsen
  • Bühle
  • Helsen
  • Kohlgrund (meu Eilhausen)
  • Landau
  • Massenhausen
  • Mengeringhausen
  • Neu-Berich
  • Schmillinghausen
  • Volkhardinghausen
  • Wetterburg

It besjen wurdich

In diel fan de stêd waard yn de barokke tiid op 'e nij yn skaakboerdpatroan oanlein. Jildbrek soarge der foar dat it oarspronklike plan nea hielendal útfierd waard.

Musea

It Museum Bad Arolsen is ferdield oer fiif oer de stêd fersprate gebouwen.

Musea yn oare stedsdielen fan de gemeente:

Mengeringhausen: Heimatmuseum
Helsen: Heimatstube
Massenhausen: Waldecker Spielzeugmuseum in
Schmillinghausen: Museum für Frühlings- und Osterbräuche

Ofbylden


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur/Einzelnachweise, op dizze side.