Slot Braunfels: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Slot Braunfels ''Schloss Braunfels'' | ôfbylding = Schloss Braunfels im Morgennebel.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = 20px Dútslân | bestjoerlike ienheid 1 = regio | namme bestjoerlike ienheid 1= border|20px Hessen | bestjoerlike ienheid 2 = lânkring | namme b..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 13 okt 2021 om 07.58

It Slot Braunfels (Dútsk: Schloss Braunfels) yn de Hessyske Lahn-Dill-Kreis westlik fan Braunfels, Dútslân, is in hichteboarch, dêr't sûnt de 13e iuw de greven fan Solms harren sit ha. Ek yn de 21e iuw is it kastiel yn it famyljebesit fan de greven fan Oppersdorff-Solms-Braunfels.

Slot Braunfels

Schloss Braunfels

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Hessen
lânkring Lahn-Dill-Kreis
plak Braunfels
bysûnderheden
type bouwurk Hichteboarch
boujier 13e iuw
útwreiding en ferbouwing 19e iuw
boustyl Neogotyk
monumintale status Kulturdenkmal
offisjele webside
Side Slot Braunfels]

It slot waard tsjin it ein fan de 19e iuw útboud yn neogoatyske styl.

Skiednis

 
Amalia fan Solms-Braunfels, (1631/32, Van Dyck)

It kastiel waard foar it earst yn 1246 yn in oarkonde as Castellum Bruninvels neamd. Oarspronklik wie it in ferdigeningskastiel tsjin de greven fan Nassau, mar sûnt 1280 wie it de residinsje fan de greven fan Solms. Nei de ferdieling fan de adelbesittings ûnder trije liny's en de ferneatiging fan de stamboarch Solms troch it Rynlânske stedsbûn waard it Slot Braunfels yn 1384 de nije stamboarch fan de greven fan Solms-Braunfels, dy't as iennige fan de trije liny's oerbleau en yn 1418 de erfgenaam fan alle besit waard. Nei noch in dieling en in nije ferieniging bestiet dy liny noch jimmeroan.

Greve Otto II liet it midsiuwske kastiel om 1500 hinne útbouwe ta in fort. Ut dy tiid is de letgoatyske kastieltsjerke bewarre bleaun. In gravuere fan August Rumpf, dy't Matthäus Merian yn syn Topographia Hassiae fan 1655 ôfbylde, jout ynformaasje oer it oansjen fan it kastiel foar de barokke ferbouwing sûnt 1680 ta paleis.

Yn 1602 waard Amalia fan Solms yn Braunfels berne, in dochter fan Jehan Albrecht I fan Solms-Braunfels (de âldste soan fan Elisabeth fan Nassau, in suster fan Willem fan Oranje) en Agnes van Sayn-Wittgenstein. Hja troude op 4 april 1625 mei har neef Freark Hindrik fan Oranje-Nassau, in soan fan Willem fan Oranje.

Tritichjierrige Kriich en weropbou

 
Braunfels yn de 17e iuw (Matthäus Merian)

Yn de Tritichjierrige Kriich waard der swier om it kastiel fochten. Om syn stipe oan de winterkening Frederik V foel greve Jehan Albrecht I fan Solms-Braunfels yn ûngenede en ûnder de ryksban set. De fûgelfaaie Jehan Albrecht moast flechtsje nei Nederlân, dêr't syn dochter troch har houlik mei Freark Hindrik har nei wenjen setten hie en ferstoar yn 1623 yn De Haach. It Slot Braunfels waard yn 1621 sûnder slach yn opdracht fan keizer Ferdinand II troch Spaanske troepen ynnommen. Yn 1629 folge it súksesfolle belis fan slot en stêd troch greve Filip Maurits fan Hohensolms. Keizer Ferdinand II joech it yn 1630 yn lien oan Jehan Tzerclaes, mar yn 1632 waard it slot wer troch de Sweedske troepen ferovere, dy't it lykwols yn 1634 wer oan keizerlike troepen ôfstean moasten. In jier letter besette greve Loadewyk Hindrik fan Nassau-Dillenburch it slot. Sûnt 1640 oermasteren hiersoldaten yn tsjinst fan de Frânsen it slot en wer in jier letter koe greve Jehan Albrecht II fan Solms-Braunfels it slot lang om let werom feroverje.

De yn Utert berne greve Hindrik Trajectinus wie as heech militêr yn tsjinst fan de steedhâlders fan Oranje-Nassau en liede de barokke weropbou fan it slot. Yn 1679 baarnde it lykwols mei de grutte stedsbrân ôf. Syn opfolger Willem Maurits slagge der yn it slot oan it begjin fan de 18e iuw wer op te bouwen. Syn plannen út 1720 om troch boumaster Jehan Filip Meyer út Wetzlar in grut barok paleis te bouwen waarden lykwols net útfierd.

Restauraasje ta in neogoatysk kastiel

 
It slot yn 1866

It Reichsdeputationshauptschluss fan 1803 makke in ein oan it foarstendom fan prins Ferdinand fan Solms-Braunfels. Braunfels waard ynearsten ûnderdiel fan it hartochdom Nassau en sûnt 1866 fan Prusen, mar it kastiel bleau lykwols yn it prinslike famyljebesit. Prins Ferdinand liet sûnt 1840 neogoatyske restauraasjes útfiere. De romantyk liede ta it ûnstean fan in idéalisearre fantasijekastiel, dat yn de midsiuwen sa nea west hat. Model foar de ferbouwing stie it kastiel Rheinstein by Trechtingshausen. Tagelyk mei de útbou fan it kastiel liet Ferdinand de Dianaboarch as jachtslot by Greifenstein bouwe.

Prins Georg joech yn 1980 opdracht ta de bou fan in twadde toer en de tafoeging fan harkenieltsjes en lytse tuorkes yn de styl fan it histoarisme. Mei syn boumasters Edwin Oppler, Hugo von Ritgen en Rudolf Wiegmann oriïntearre de prins him op de ideeën fan Eugène Viollet-le-Duc en Émile en Paul Boeswillwald.

Mei de dea fan de lêste manlike ôfstamming, prins Georg Friedrich fan Solms-Braunfels (1890-1970)gyng Braunfels oer yn eigendom fan syn dochter, grevinne Marie Gabrielle von Oppersdorff Solms-Braunfels (1918-2003) dy't mei har man Hans Georg von Oppersdorff (1920-2003) it kastiel mei de gebouwen en de ynvintaris restaurearje liet.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Braunfels Literatur, op dizze side.