Diana Rigg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 15:
| webside = n.f.t.
}}
[[Dame (predikaat)|Dame]] '''Diana Rigg''' (folút: '''Enid Diana Elizabeth Rigg'''; [[Doncaster]], [[20 july]] [[1938]] – [[Londen]], [[10 septimber]] [[2020]]) wie in foaroansteand [[Ingelân|Ingelsk]] [[tillefyzje]]-, [[toaniel]]- en [[film]][[aktrise]]. Hja waard bûten har heitelân benammen bekend mei har [[rol]] as Emma Peel yn 'e [[detektivesearje]] ''The Avengers'' (dy't yn [[Nederlân]] útstjoerd waard ûnder de [[titel (namme)|titel]] ''De Wrekers'') en mei har rol as [[grevinne]] Teresa di Vicenzo yn 'e [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-film]] ''[[On Her Majesty's Secret Service (film)|On Her Majesty's Secret Service]]''. Op jierren skittere Rigg inkele jierren foar har [[ferstjerren]] nochris as Olenna Tyrell yn 'e [[fantasysearje]] ''[[Game of Thrones (tillefyzjesearje)|Game of Thrones]].
 
==Libben en karriêre==
Rigel 26:
Rigg begûn har [[karriêre]] as [[aktrise]] mei in [[rol]] yn in [[opfiering]] fan ''The Caucasian Chalk Circle'' op it [[Festival fan York]] yn [[1957]]. Fan [[1959]] oant [[1967]] spile se mei de [[Royal Shakespeare Company]]. Se briek yn [[1965]] troch mei har rol as Emma Peel yn 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[detektivesearje]] ''The Avengers'' (yn [[Nederlân]] útstjoerd as ''De Wrekers''), wêryn't se de [[tsjinspylster]] wie fan [[Patrick Macnee]] yn syn rol as John Steed. De rol fan Emma Peel soe oarspronklik spile wurde troch [[Elizabeth Shepherd]], dy't lykwols al nei twa [[ôflevering]]s [[ûntslach]] krige. It wie foar Rigg hiel koart dei om har op te folgjen, mar it slagge har wûnderwol. Se groeide op slach út ta in [[sekssymboal]] (eat dat har skokte). Rigg spile de rol fan Peel oant [[1968]] yn 51 ôfleverings fan ''The Avengers''. It wie net har favorite tiid; doe't se foar it twadde [[seizoen (omrop)|seizoen]] easke dat se itselde betelle krije soe as Macnee, waard se troch de [[media]] ôfskildere as in ynklauwerige hierlinge. Macnee sei letter yn [[fraachpetear]] dat se him ris ferteld hie dat hy en har [[sjauffeur]] de iennichsten op 'e [[filmset|set]] fan ''The Avengers'' wiene mei wa't se in [[freonskip]]like [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|omgong]] hie.
 
Op it [[wite doek]] makke Rigg har [[debút]] yn [[1968]] as Helena yn in filmadaptaasje fan [[Shakespeare]] syn [[toanielstik]] ''[[A Midsummer Night's Dream]]''. Yn [[1969]] hie se in oare tige bekende rol as de [[Korsika]]anske [[grevinne]] Teresa di Vincenzo, dy't mei de Britske [[geheim agint]] [[James Bond]] [[trouwen|trout]] yn 'e [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-film]] ''[[On Her Majesty's Secret Service (film)|On Her Majesty's Secret Service]]''. Har tsjinspiler yn dy film wie de [[Austraalje (lân)|Australyske]] akteur [[George Lazenby]]. Guon oare [[film]]s dêr't Rigg yn spile, wiene ''Julius Caesar'' ([[1970]]), ''Theatre of Blood'' ([[1973]]), ''A Little Night Music'' ([[1977]]), [[Agatha Christie]] har ''Evil under the Sun'' ([[1982]]), ''Snow White'' ([[1987]], as de boaze [[styfmem]]), ''A Good Man in Africa'' ([[1994]]), ''Heidi'' ([[2005]], as de [[beppe]] fan [[Heidi (personaazje)|Heidi]]), en ''Breathe'' ([[2017]]).
 
Op 'e [[tillefyzje]] spile Rigg yn [[1973]] en [[1974]] de [[haadrol]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[komeedzjesearje]] ''Diana'', dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Se wie ek te sjen yn [[tillefyzjefilm]]s en [[minysearje]]s dy't adaptaasjes wiene fan bekende [[toanielstik]]ken, lykas ''[[Oresteia]]'' ([[1979]]), ''[[Hedda Gabler]]'' ([[1981]]), ''[[Lytse Eyolf|Little Eyolf]]'' ([[1982]]) en ''[[King Lear]]'' ([[1983]]). Ek spile se yn tillefyzjefilms as ''In This House of Brede'' ([[1975]]), ''A Hazard of Hearts'' ([[1987]]) en ''Mrs. ’Arris Goes to Paris'' ([[1992]]), in ferfilming fan 'e [[roman]] mei deselde namme fan [[Paul Gallico]]. Foar har rol as frou Danvers yn 'e minysearje ''Rebecca'' wûn se yn [[1997]] in [[Emmy Award]]. Se waard yn [[2001]] nochris foar deselde [[priis (ûnderskieding)|priis]] nominearre foar har rol as [[baronesse]] [[Louise Lehzen]] yn 'e minysearje ''Victoria & Albert'', oer de jonge jierren fan [[keninginne]] [[Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk|Fiktoaria]].
[[File:On Her Majesty's Secret Service (2).jpg|right|250px|thumb|Diana Rigg mei [[George Lazenby]] (dy't de rol fan [[James Bond]] fertolke) yn [[Switserlân]] op 'e [[filmset|set]] fan 'e [[film]] ''[[On Her Majesty's Secret Service (film)|On Her Majesty's Secret Service]]'' ([[1969]]).]]
 
Op jierren spile Rigg fan [[2013]] oant [[2017]] de rol fan Olenna Tyrell yn achttjin ôfleverings fan 'e tige populêre [[fantasytillefyzjesearje]] ''[[Game of Thrones (tillefyzjesearje)|Game of Thrones]]''. Foar dy rol waard hja yn [[2013]], [[2014]], [[2015]] en [[2018]] nominearre foar in [[Emmy Award]] en yn [[2013]] en [[2014]] ek foar in [[Critics' Choice Award]]. Yn deselde snuorje hie Rigg yn [[2013]] ek in [[gastrol]] yn in ôflevering fan 'e [[science fiction-tillefyzjesearje]] ''Doctor Who'', spile se yn [[2017]] [[Charlotte Montagu Douglas Scott, hartoginne fan Buccleuch]] yn njoggen ôfleverings fan 'e populêre [[biografy]]ske minysearje ''Victoria'', en wie se te sjen as harsels yn 'e [[komeedzje|komyske]] [[tillefyzjespecial]] foar de [[kryst]] ''A Christmas Carol Goes Wrong'' ([[2017]]).