Sultanaat Sansibar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
"Monument_to_Slaves_in_Stone_Town.jpg" is op Commons fuorthelle Minorax om't: per c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Slave Monument (Zanzibar).
Lebel: Al weromset
Rigel 31:
 
De [[slavernij|slavehannel]] rûn ûnderwilens op syn lêste skonken. Mid [[njoggentjinde iuw]] waarden der jierliks wol 50.000 slaven ferhannele op 'e [[slavemerk]]en fan Sansibar. Sokken waarden djip yn it binnenlân fan [[Afrika]] finzen nommen en nei de kust ta sleept. Ien fan 'e meast beruchte Sansibareeske slavekeaplju wie [[Tippu Tip]], dy't ûnbidich grutte ekspedysjes fan soms wol 4.000 man sterk djip [[Sintraal-Afrika]] yn late en dêrby gedoente hie mei Westerske [[ûntdekkingsreizger]]s as [[David Livingstone]] en [[Henry Morton Stanley]]. Mar tsjin 'e ein fan 'e iuw oefenen de Britten swiere druk op Sansibar út om 'e slavehannel oan bannen te lizzen, en [[Bargasj bin Saïd fan Sansibar|Bargasj bin Saïd]], de broer en opfolger fan Madjyd bin Saïd, lei der yn [[1873]] úteinlik it near op. In trêde broer, [[Kalifa bin Saïd fan Sansibar|Kalifa bin Saïd]], dy't Bargasj letter opfolge, makke de wei ree foar de folsleine [[abolysjonisme|ôfskaffing fan 'e slavernij]].
 
[[File:Monument to Slaves in Stone Town.jpg|left|thumb|250px|In [[monumint]] foar de [[slavernij|slaven]] yn [[Sansibar (stêd)|Sansibar]].]]
 
Underwilens wie Sansibar binnen de Britske ynfloedssfear kommen. Ek de Dútsers makken oanspraak op it sultanaat, mar dy striidkwestje waard yn [[1890]] regele mei it [[Hilgelân-Sansibar-ferdrach]] wêrby't de Britten it eilân [[Hilgelân]], yn 'e [[Dútske Bocht]], ôfstiene yn ruil foar it opjaan troch de Dútsers fan al harren oanspraken op Sansibar. Dat makke de wei frij foar de stifting fan in Britsk [[protektoraat]] oer Sansibar, dat yn [[1890]] ek wier fêstige waard. Dêrby behold it sultanaat, alteast yn namme, yntern selsbestjoer ûnder Britsk tafersjoch, mar it ferlear syn ûnôfhinklikheid en waard diel fan it [[Britske Ryk]]. Fan [[1890]] oant [[1913]] waard it lân regearre troch de sultans, dy't begelaat waarden troch Britske 'adviseurs' yn 'e foarm fan tradisjonele [[fizier (amt)|fiziers]]. Fan [[1913]] ôf stelden de Britten lykwols [[residint]]en oan om harsels en harren belangen te fertsjintwurdigjen, dy't yn 'e praktyk neat minder as [[gûverneur]]s wiene.