Mellemastate (Eastrum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
Rigel 2:
'''Mellemastate''' wie in [[state]] by [[Eastrum]] yn [[Eastdongeradiel]], no gemeente [[Dongeradiel]]. Op it steed stiet no in pleats.
 
De state komt grif út de [[14e iuw]]. De famylje Mellema wurdt neamd yn [[1422]], it guod yn namme fan eigener-bewenner Mellema yn 1511. Yn 1422 waard Syric Mellama, folge troch Focko Ropta yn [[Mitselwier]], Sasbet te Foudgum en oare haadlingen út de omkriten, neamd ûnder de [[Skieringers]] dy't mei [[Focke Ukena]] in ferdrach slueten. Yn 1423 trede hy op as iehear yn Dongeradiel, yn 1444 sluet hy mei oare Eastergoaer eallju in ferdrach mei Grins. (Foar de hanthavening fan oarder en frede wie yn elk doarp de saneamde ''iehear'' belêste, elk jier wie dat wer in oare yngesetene fan it doarp, dy't de funksje by toerbeurt ferfolden. Om iehear wêze te kinnen moast men wol besitter fan in state wêze.) Yn 1450 segele hy de oarkunde oer ûnder mear it Eastrumer [[sylfest]]. In Siuck Mellema segele yn 1453 in oarkunde oer de jiermerken yn [[Eastergoa]]. Oan de ein fan de [[15e iuw]] rekke Mellema, grif troch fererving, oan de famylje Remmersma yn Dokkum.
Poppe Remmersma, soan fan Hessel Remmersma en Bernsck Heslinga, wie yn 1511 nammentlik eigener fan Mellemastate, wêrnei't hy him [[Poppe fan Mellema]] neamde. Hy wie doe de grutste grûnbesitter fan Eastrum.