Kontrafagot: ferskil tusken ferzjes

122 bytes grutter ,  9 moannen lyn
Ik haw in ôfbylding tafoege
(Ik haw in ôfbylding tafoege)
[[Ofbyld:Contrabassoon2.jpg|thumb|120px|De kontrafagot]]
De '''kontrafagot''' is in [[houtblaasynstrumint]] dat as kontrabas noch wer grutter en in oktaaf leger is as de 'gewoane' [[fagot]]. De leechste toan dy't op in kontrafagot makke wurde kin is de A<sub>2</sub> (subkontra-A) en is dêrmei it leechste houten blaasynstrumint. De folsleine buislingte is 5,96 meter en is in pear kear 'dûbelteard' foar it geriif fan de bespiler. De kontrafagot stiet op in ferstelbere punt foar de bespiler. It dûbelreid is in slach grutter as dat fan de 'gewoane' fagot.
[[Ofbyld:Contrabassoon in C 1825–33.png|thumb|left|120px|kontrafagot, makke yn Wenen yn 'e earste helte fan' e 19e ieu]]
 
Yn it klassike [[symfony]]-orkest wurde amper kontrafagotten foarskreaun. Ien fan de âldste [[partituer]]fermeldings is te finen yn de [[Johannes Passion]] fan [[Johann Sebastian Bach]]. Yn de partituer stiet de opmerking ''col bassono grande''; ek is der in spesjale muzykpartij foar in lege fagot fan de hân fan Bach. It is lykwols de fraach oft dêrmei in ynstrumint mei it hjoeddeiske berik bedoeld waard. Yn [[1784]] wurdt de [[Messiah]] fan [[Georg Friedrich Händel]] útfierd mei in kontrafagot, en noch wol foar de rest fan it orkest pleatst. It wie lykwols [[Ludwig van Beethoven]] dy't as ien fan de earsten gebrûk makke fan in kontrafagot yn moderne sin, yn syn Symfony No. 5. Yn grutte symfoanyske stikken, lykas fan [[Gustav Mahler]], [[Dmitri Sjostakovitsj]] en [[Maurice Ravel]] fine wy sûnt dan faker in kontrafagotpartij. Yn de troch Deryck Cooke ôf makke tsiende symfony fan Mahler hearre wy sels twa kontrafagotten (yn de Finale). Gauris spilet de twadde of tredde fagottist ôfwikseljend fagot en kontrafagot yn ien stik.
 
1

bewurking