Kleaster Wienhausen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Kleaster Wienhausen ''Kloster Wienhausen'' | ôfbylding = Kloster und St.Marienkirche Wienhausen IMG 2052.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = Kleaster mei de Marijetsjerke | lân = 20px Dútslân | bestjoerlike ienheid 1 = regio | namme bestjoerlike ienheid 1= 20px Nedersakse..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 17 okt 2021 om 10.51

It Kleaster Wienhausen (Dútsk: Kloster Wienhausen) yn it Nedersaksyske Wienhausen, likernôch 15 kilometer súdeastlik fan Celle, wie oant de reformaasje in sistersjinzersk kleaster. It út de 13e iuw datearjende kleaster is tsjintwurdich in protestantsk frouljuskleaster.

Kleaster Wienhausen

Kloster Wienhausen

bouwurk
Kleaster mei de Marijetsjerke
Kleaster mei de Marijetsjerke
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Celle
plak Wienhausen
adres An d. Kirche 1
bysûnderheden
type bouwurk Protestantsk kleaster
boustyl Bakstiengotyk
monumintale status Kulturdenkmal
offisjele webside
Side Kleaster Wienhausen

Skiednis

 

It kleaster waard om 1230 hinne oan de Aller by Wienhausen stifte troch Agnes fan Landsberg. Neffens in kronyk wie der earder al pear kilometer fierder in kleaster, dat fanwegen de sompige omjouwing nei Wienhausen ferhûze mar dat is net te bewizen.

De offisjele goedkarring fan de kleasterstifting folge yn 1233 troch biskop Koeraad II. De nonnen libben neffens de rigels fan de sistersjinzers.

Sûnt 1528 fierde hartoch Ernst fan Braunschweig-Lüneburg de reformaasje yn syn hartochdom yn. Nettsjinsteande ferset fan de nonnen waard it kleaster yn in protestantsk-luthersk frouljuskonvint feroare. It ferset fan de katolike nonnen bleau oanhâlden en yn 1531 briek de hartoch dat ferset troch de proasdij en alle kapellen (útsein de Alderheljenkapel) ôf te brekken en it kleasterfermogen yn te foarderjen. De ferneatige gebouwen waarden 19 jier letter yn fakwurkstyl wer opboud. Yn 1555 waard de Lüneburger Klearderoarder opsteld en yn 1587 folge it beneamen fan de earste protestantske abdis fan Wienhausen, mar yn it geheim waarden de katolike missen noch hiel lang fierd.

Beskriuwing

 
De beskildere nonnengalerij
 
Tristankleed

It histoaryske kleasterkompleks is foar in grut part bewarre bleaun. Eastlik fan de tsjerke stiet de wettermûne en de bedriuwsgebouwen fan de buorkerij. Oan de tsjerke binne de kleastergebouwen nei it noarden ta oanboud: it midsiuwske diel oan de westlike kant en de gebouwen nei de ynfiering fan de reformaasje oan de eastlike kant, mei dêrtusken de twa ferdjippings hege kleastergong yn de styl fan de bakstiengotyk.

De tsjerke bestiet út de âldere romaanske tsjerke (wêrfan't de toer by de stifting fan it kleaster neffens sistersjinzerske rigel ôfbrutsen waard) en de westlike goatyske oanboude ferlinging mei boppe in nonnengalerij en dêrûnder in pylgerseal. Beide boudielen binne hjoeddedei fan in houten wand skieden fan de tsjerke en wurde apart brûkt.

It yn de 14e iuw foltôge nonnenkoer is ien fan de meast opfallende goatyske romtes. Muorre en plafonds binne folslein beskildere mei bibelske foarstellings lykas it skeppingsferhaal, it libben en de dea fan Kristus, Syn opstanning en Syn regear yn it himelske Jeruzalim. Doe't yn 1952 de iken planken ûnder it koerstuolte weibrutsen waarden foar it oanlizzen fan elektryske kabels, waarden allegear seldsume gebrûksfoarwerpen fûn. Dêrûnder wiene 14e- en 15e- iuwske brillen en ek saken dy't taskreaun wurde kinne oan sawol kristlike as heidenske praktiken.

De abdij fan Wienhausen stiet bekend om de samling goatyske kleden út de 14e en 15e iuw, dy't alle jierren folgjend op 'e freed nei pinkster te sjen binne yn in spesjale útstalling. De kleden hawwe sawol kristlike mar ek wrâldske motiven, lykas de Tristan-leginde. De froulju dy't yn it kleaster wenje fersoarje rûnliedings.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.