Nynke Faber: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Akteur | ôfbylding = Nynke-faber-1395948274.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | echte namme = | nasjonaliteit = {{Flagge_NL|border|20px}} Nederlânsk | berne = 2 jannewaris 1982 | berteplak = Ljouwert | stoarn = | stjerplak = | regionale identiteit = | etn..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 okt 2021 om 17.03

Nynke Faber (Ljouwert, 2 jannewaris 1982) is in Nederlânske aktrise fan Frysk komôf.

Nynke Faber
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 2 jannewaris 1982
berteplak Ljouwert
jierren aktyf 1998 - no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Nynke Faber joech stal oan ûnder mear Sjoukje Janssen yn de dramasearje Westenwind. Se spile dy rol fan ein 2001 oant begjin 2003. Nei't dy searje dien wie gie Faber nei de Toanielskoalle fan Amsterdam. Dêrnei spile se gastrollen yn ûnder oare de telefyzjerigen Bloedverwanten, Baas Boppe Baas, IC, Van God Los, Overspel en Flikken Maastricht. Yn 2014 wie hja te sjen yn de spylfilm Capsule, regisearre troch Djie Han Thung, en yn de spylfilm Stuk! ûnder rezjy fan Steven de Jong.

Faber is teffens kearndosint Casting oan de oplieding Filmakteur fan it Mediakolleezje Amsterdam. Se wurket gear mei Jeugdteäterskoalle Mamagaai en sprekt geregeldwei commercials yn foar radio en telefyzje.

Op de set fan Westenwind moete Nynke Faber har man mei wa't se yn 2004 troude. Se krigen trije bern.

Filmografy

  • Babylon - Wopkje (1998)
  • Kees & Co - Loes (ôfl. Van het kastje naar de muur, 1999)
  • Westenwind - Sjoukje Janssen (31 ôfleveringen, 2001-2003)
  • IC - Maartje (ôfl. Rode baron, 2006)
  • Bloedverwanten - Sekretaresse Winter Flowers (ôfl. Zwarte Tijden, 2010)
  • Van God Los - Doarwarder (ôfl. Kaartenhuis, 2011)
  • Overspel - Befeiligster (ôfl. Morgen en Foute Boel, 2011)
  • Stuk! - Kasjêre drogisterij (2014)