Marijetsjerke (Celle): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Stedstsjerke ''Stadtkirche'' | ôfbylding = Celle St. Marien and Altes Rathaus.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = | lân = 20px Dútslân | bestjoerlike ienheid 1 = dielsteat | namme bestjoerlike ienheid 1= 20px Nedersaksen | bestjoerlike ienheid 2 = lânkring | namm..."
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 18 okt 2021 om 18.47

De Stedstsjerke Sint-Marije (Dútsk: Stadtkirche St.-Marien) fan Celle yn Nedersaksen, Dútslân, is in monumint út de 14e iuw.

Stedstsjerke

Stadtkirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Nedersaksen
lânkring Celle
plak Celle
adres An d. Stadtkirche 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Gotyk, renêssânse, barok
monumintale status Boudenkmal
offisjele webside
Side Stadtkirche

Skiednis

 
Alter

De bou fan de tsjerke sette tsjin it ein fan de 13e iuw útein. It oarspronklik suver goatyske gebou wie in halletsjerke fan trije skippen en waard yn 1308 oan unserer lewen frowe, Us-Leaffrouwe, wijd.

De tsjerke krige yn 1516 in toer, dy't lykwols yn 1530 wer ôfbrutsen en troch in klokkestoel ferfongen waard. De klokkestoel waard yn 1576 troch in dakruter ferfongen, dy't yn 1717 wer ferfongen waard troch de hjoeddeiske dakruter.

Yn 1913 folge de bou fan de 74 meter hege tsjerketoer oan de westlike kant fan de tsjerke.

Ynterieur

Op de triomfbalke stiet in krusigingsgroep út 1495, it âldste keunstwurk fan de tsjerke. Oan de pylders foar it koer steane de apostels Petrus en Paulus. De epitafen yn it koer betinke de hartogen fan Braunschweig-Lüneburg, dy't sûnt de 15e iuw yn Celle harren residinsje hiene.

Doe't hartoch Ernst de Belider de reformaasje yn Celle ynfierde, waard de oarspronklike Marijetsjerke in protestantske preektsjerke.

De barokke tafoegings binne troch Italjaanske keunstners oanbrocht. Yn 'e selde tiid krige de tsjerke in tonferwulft. De preekstoel is in Deensk keunstwurk en it fleugelalter foarmet de oergongsstyl fan de lette renêssânse nei de barok.

De noardlike galerij is fersierd mei foarstellings út it Nije Testamint, wylst de súdlike galerij foarstellings út it Alde Testamint sjen litte. Healwei de jierren 1830 waarden de banken fan de tsjerke ferfongen.

Oargel

 
Oargel

It tsjintwurdige oargel yn de tsjerke waard yn 1999 neffens oarspronklike ûntwerpen fan 1687 ynboud. Hartoch Kristiaan Loadewyk liet yn 1653 troch Hermann Kröger en Berendt Hus in oargel bouwe, wêrfan't de oargelkas bewarre is. Yn de jierren 1685-1687 folge in útwreiding fan it ynstrumint. Oant 1912 bleau it oargel wakker gelyk, allinne de wynladen waarden yn 1834 útruild. Mei de bou fan de tsjerketoer like it ynstrumint lykwols út 'e tiid. It waard ôfbrutsen en troch in nij, letromantysk ynstrumint fan de firma Furtwängler & Hammer ferfongen. De firma Kleuker ferfong dat oargel yn 1969 troch in fjouwermanualich ynstrumint.

By in restauraasje fan it stúkwurk yn de jierren 1993-1999 moast it oargel útboud wurde. Om't ek de oargelkas renovearre wurde moast en it oargel út 1969 net sa geweldich fan kwaliteit wie, waard keazen foar in rekonstruksje fan it 17e-iuwske ynstrumint. Njonken de nijbou fan it op tradisjonele wize rekonstruearre oargel waard it oargel mei in achterwurk útwreide en de oargelkas troch Rowan West út Ahrweiler restaurearre. It trijemanualige oargel hat 49 registers.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: St. Marien (Celle) Einzelnachweise, op dizze side.