David Prowse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 26:
 
===Aktearkarriêre===
Yn it [[Feriene Keninkryk]] krige Prowse (mear) bekendheid doe't er fanôf [[1975]] yn in rige [[ideële reklame]]filmkes foar [[ferkearsfeiligens]] de rol fan 'e Green Cross Code Man spile, in [[superheld]] dy't [[bern (persoan)|bern]] learde hoe't se feilich oerstekke moasten. Foar syn belutsenen by dy kampanje, dy't rûn fan [[1971]] oant [[1990]], waard Prowse yn [[2000]] beneamd ta lid fan 'e [[Oarder fan it Britske Ryk]] (OBE). As [[akteur]] spile er fierders yn [[1971]] de [[liifwacht]] fan Frank Alexander yn 'e [[film]] ''A Clockwork Orange''. Ek wied er te sjen yn films as ''[[Casino Royale (film út 1967)|Casino Royale]]'' ([[1967]]), ''Vampire Circus'' ([[1972]]) en ''Jabberwocky'' ([[1977]]). Fierders spile er op 'e [[tillefyzje]] in [[minotaurus]] yn 'e [[science fiction-searje]] ''Dr. Who'' ([[1972]]), de [[wrakselder]] Charles yn 'e [[Shakespeare]]-ferfilming ''[[Nei Jim Beleavjen|As You Like It]]'' ([[1978]]), en in liifwacht yn 'e [[tillefyzjefilm]] ''The Hitchhiker's Guide to the Galaxy'' ([[1981]]).
 
Yn [[1977]] hie Prowse syn meast ferneamde rol as [[Darth Vader]], de wichtichste [[antagonist]], yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[science fiction-film]] ''Star Wars''. De [[regisseur]], [[George Lucas]], hie him sjoen yn ''A Clockwork Orange'' en fûn him omreden fan syn [[yntimidaasje|yntimidearjende]] postuer tige geskikt foar de rol. Hoewol't de film sa populêr waard dat it yn it rare wie, bleau Prowse relatyf ûnbekend, om't er de hiele film troch it swarte [[masker]] fan Darth Vader op hie, sadat syn [[gesicht]] net te sjen wie. Boppedat fûnen Lucas-en-dy syn Bristolske [[aksint (útspraak)|aksint]] minder gaadlik foar harren film, dat syn [[tekst]]en waarden neitiid [[neisyngronisearre]] mei it karakteristyk djippe stimlûd fan [[James Earl Jones]]. Prowse kroep op 'e nij yn 'e hûd fan Darth Vader foar de [[ferfolchfilm]]s ''The Empire Strikes Back'' ([[1980]]) en ''Return of the Jedi'' ([[1983]]). Mei't er in tige min [[skermjen|skermer]] wie, waard er yn 'e [[sêne]]s wêryn't skerme waard mei [[ljochtsabel]]s ferfongen troch [[stuntman]] en skermcoach [[Bob Anderson (skermer)|Bob Anderson]].