Casino Royale (film út 1967): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ foarskiednis
+ produksje
Rigel 214:
 
Tsjin [[1964]], doe't er al krapoan $550.000 fan syn eigen [[fermogen]] yn it projekt [[ynvestearre]] hie, besocht Feldman ta oerienstimming te kommen mei Broccoli en Saltzman foar in [[ko-produksje]] mei Eon en [[United Artists]]. Doe't dat op 'e non rûn om't se it net iens wurde koene oer de [[winst (ûndernimming)|winstferdieling]], frege Feldman akteur [[Sean Connery]], dy't yn 'e iere ''Bond''-films fan Eon Productions de rol fan James Bond spile, om dat ek te dwaan yn syn film. Dat ketste ôf op 'e [[salaris]]eask fan Connery, dy't $1 miljoen bedroech. Feldman kaam ta de konklúzje dat er net opbokse koe tsjin Eon as er fan ''Casino Royale'' in serieuze [[spionaazjefilm]] makke. Dêrom besleat er der ynstee in [[parody]] op dat [[sjenre]] fan te meitsjen. Hy bea syn projekt oan by [[Columbia Pictures]] fia in kladsenario dat skreaun wie troch [[Ben Hecht]]. De studio besleat yn it projekt te stappen en de finansiering te berêden.
 
===Produksje===
It [[senario]] fan ''Casino Royale'' ûndergie in lange skiednis fan werskriuwings. Fan it wurk fan Ben Hecht, dy't yn [[april]] [[1964]] hommels oan in [[hertoanfal]] ferstoar noch foar't er syn kladferzje fan it skript by Feldman ynleverje kinnen hie, bleau úteinlik frijwol neat oer. De trije 'offisjele' [[senarioskriuwer]]s (om't se in fermelding yn 'e [[begjintitels]] fan 'e film krigen) wiene [[Wolf Mankowitz]], [[John Law (skriuwer)|John Law]] en [[Michael Sayers]], mar ek [[Terry Southern]] wurke deroan mei, wylst [[Woody Allen]], [[Peter Sellers]], [[Val Guest]], [[Joseph Heller]] en [[Billy Wilder]] der allegear eleminten oan bydroegen. Heller wurke der begjin [[1965]] in blaumoandei oan, nei't Feldman him $150.000 foar syn tsjinsten bean hie. Letter beskreau er dat barren yn it [[artikel (publikaasje)|artikel]] ''How I found James Bond, lost my self-respect and almost made $150,000 yn my spare time'' ("Hoe't ik James Bond fûn, my selsrespekt ferlear en hast yn myn frije tiid $150.000 fertsjinne").
 
By ''Casino Royale'' wiene fiif ûnderskate [[regisseur]]s belutsen, dy't allegear in ferskillend segmint fan 'e film beävensearren, wylst [[stunt]]koördinator [[Richard Talmadge]] as ko-regisseur behelle wie yn 'e einsêne. Neffens Feldman regissearre [[John Huston]] 38 [[minuten]] fan 'e film, [[Val Guest]] 26 minuten, [[Ken Hughes]] 25 minuten, en [[Joseph McGrath (regisseur)|Joseph McGrath]] en [[Robert Parrish]] elts 20 minuten. Feldman en [[Jerry Bresler (filmprodusint)|Jerry Bresler]] wiene as [[filmprodusint|produsinten]] by it projekt belutsen foar harren [[filmstudio]] [[Famous Artists Productions]]. It [[budget]] fan [[$]]12 miljoen (oarspronklik begrutte op $8,5 oant $9,5 miljoen) waard [[finansierd]] troch [[Columbia Pictures]]. De film wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[ko-produksje]]. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Jack Hildyard]], [[Nicolas Roeg]] en [[John Wilcox (kameraregisseur)|John Wilcox]], wylst de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Burt Bacharach]].