Casino Royale (film út 1967): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ produksje
+ opnamen
Rigel 219:
 
By ''Casino Royale'' wiene fiif ûnderskate [[regisseur]]s belutsen, dy't allegear in ferskillend segmint fan 'e film beävensearren, wylst [[stunt]]koördinator [[Richard Talmadge]] as ko-regisseur behelle wie yn 'e einsêne. Neffens Feldman regissearre [[John Huston]] 38 [[minuten]] fan 'e film, [[Val Guest]] 26 minuten, [[Ken Hughes]] 25 minuten, en [[Joseph McGrath (regisseur)|Joseph McGrath]] en [[Robert Parrish]] elts 20 minuten. Feldman en [[Jerry Bresler (filmprodusint)|Jerry Bresler]] wiene as [[filmprodusint|produsinten]] by it projekt belutsen foar harren [[filmstudio]] [[Famous Artists Productions]]. It [[budget]] fan [[$]]12 miljoen (oarspronklik begrutte op $8,5 oant $9,5 miljoen) waard [[finansierd]] troch [[Columbia Pictures]]. De film wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[ko-produksje]]. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Jack Hildyard]], [[Nicolas Roeg]] en [[John Wilcox (kameraregisseur)|John Wilcox]], wylst de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Burt Bacharach]].
 
===Opnamen===
De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Casino Royale'' setten op [[11 jannewaris]] [[1966]] útein. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e [[Pinewood Studios]] yn [[Buckinghamshire]] en de [[Shepperton Studios]] en [[Twickenham Film Studios]] yn [[Londen]]. Op lokaasje waard yn Londen filme op it [[plein]] [[Trafalgar Square]] en foarhûs by [[10 Downing Street]], de [[amtswente]] fan 'e Britske [[premier]]. It [[Kastiel fan Mereworth]] yn [[Kent]] gie troch foar it [[lânhûs]] fan Bond dat oan it begjin fan 'e film ûnder fjoer nommen wurdt mei [[mortier (wapen)|mortieren]]. De measte opnamen yn it [[Skotlân|Skotske]] kastiel fan 'e [[famylje (besibskip)|famylje]] McTarry fûnen eins plak yn it [[Kastiel fan Killeen]], yn [[Ierlân]], hoewol't de efterfolging as Bond it kastiel ferlit, wol opnommen waard yn Skotlân, by it [[doarp]] [[Killin]] yn [[Perthshire]]. Oare sênes waarden filme yn it [[Ingelske greefskip]] [[Berkshire]], by [[Old Windsor]] en [[Bracknell]].
 
Fan 'e seis regisseurs hie [[John Huston]] de lieding oer de sênes yn it lânhûs fan Bond en it kastiel yn Skotlân. [[Ken Hughes]] regissearre de sênes mei Mata Bond yn [[Berlyn]]. [[Joseph McGrath (regisseur)|Joseph McGrath]] en [[Robert Parrish]] wiene elts ferantwurdlik foar de helte fan 'e sênes yn it kasino mei [[Peter Sellers]], [[Ursula Andress]] en [[Orson Welles]]. [[Val Guest]] die de sênes mei [[Woody Allen]] en de sênes mei [[David Niven]] nei syn weromkear út Skotlân. Hy krige ek de ûntankbere taak om it wurk fan 'e ûnderskate regisseurs oaninoar te riuwen, dêr't him de titel fan 'koördinearjend regisseur' foar oanbean waard. Guest, dy't bang wie dat de gaoatyske [[plot]] syn [[karriêre]] leechlizze soe, betanke dêrfoar; ynstee waard it koördinearjende diel fan syn funksje yn 'e begjintitels omskreaun as "bykommende sênes". [[Richard Talmadge]], ta einbeslút, hie de lieding oer de grutte fjochtpartij yn it kasino dy't de [[klimaks (narratology)|klimaks]] fan 'e film foarmet.
 
Guon ferneamde [[akteur]]s waarden op 'e [[filmposter]] neamd, hoewol't se yn ''Casino Royale'' mar in lytse [[cameo]] hiene. [[George Raft]] en [[Jean-Paul Belmondo]] wiene bgl. allebeide inkeld eefkes yn 'e klimaktyske fjochtpartij te sjen. (Raft docht dêr de [[toss|munt-toss]] út ''[[Scarface (film út 1932)|Scarface]]'' út [[1932]], dy't syn [[gimmick]] wie, wêrnei't er himsels prompt deasjit mei in efterútsjittend [[pistoal]]. Belmondo is de [[ofsier]] fan it [[Frânske Frjemdlingelegioen]] dy't by de [[slaanderij]] ferlet hat fan in [[Ingelsk]] [[wurdboek]] om it wurd "au!" oer te setten.)