Casino Royale (film út 1967): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ opnamen
+ opnamen & distribúsje
Rigel 226:
 
Guon ferneamde [[akteur]]s waarden op 'e [[filmposter]] neamd, hoewol't se yn ''Casino Royale'' mar in lytse [[cameo]] hiene. [[George Raft]] en [[Jean-Paul Belmondo]] wiene bgl. allebeide inkeld eefkes yn 'e klimaktyske fjochtpartij te sjen. (Raft docht dêr de [[toss|munt-toss]] út ''[[Scarface (film út 1932)|Scarface]]'' út [[1932]], dy't syn [[gimmick]] wie, wêrnei't er himsels prompt deasjit mei in efterútsjittend [[pistoal]]. Belmondo is de [[ofsier]] fan it [[Frânske Frjemdlingelegioen]] dy't by de [[slaanderij]] ferlet hat fan in [[Ingelsk]] [[wurdboek]] om it wurd "au!" oer te setten.)
 
''Casino Royale'' wie in rommelige produksje, en dat waard noch helte minder makke troch ien fan 'e [[haadrolspiler]]s, de eigensinnige akteur [[Peter Sellers]]. Hoewol't dy de rol fan Evelyn Tremble spile, de bakkaratmaster dy't Le Chiffre ferslacht by it [[gokken|gokspul]] yn it kasino, wegere er, útein by inkele [[shot (sinematografy)|shots]], om tagelyk op 'e [[filmset]] te wêzen as [[Orson Welles]], dy't de rol fan Le Chiffre fertolke. De reden dêrfoar is net alhiel dúdlik; in protte boarnen wolle hawwe dat Sellers him [[yntimidaasje|yntimidearre]] fielde troch Welles, en Welles soe net folle op hân hawwe mei "dy amateur" Sellers. Los fan profesjonele wriuwing bestiene der tusken harren lykwols ek persoanlike swierrichheden. Neffens in ferhaal soene dy feroarsake wêze trochdat Sellers him tekoart dien fielde nei in besyk oan 'e set troch [[prinsesse]] [[Margaret grevinne fan Snowdon|Margaret]], dy't er persoanlik koe, mar dy't inkeld oandacht foar Welles hân hawwe soe.
 
Guon [[biografy]]en fan Sellers hâlde út dat hy de rol fan Bond serieus spylje woe, en dat er grutte [[argewaasje]] hie fan it beslút om fan ''Casino Royale'' in parody te meitsjen. Syn [[biograaf]] [[Roger Lewis]] hold sels út dat Sellers oanhâldend syn eigen [[dialooch]] werskreau en sênes [[ymprovisaasje (aktearjen)|ymprovisearre]] om syn personaazje serieuzer oerkomme te litten. Dat strykt mei it feit dat de iennichste dielen fan 'e film dy't deunby it ferhaal fan Fleming bliuwe, de kasinosênes mei Sellers en Welles binne. It [[hâlden en dragen]] fan Sellers boaze almar fierder oan, en hy wie [[dagen]] en soms sels [[wiken]] efterinoar ôfwêzich. Doe't regisseur Joseph McGrath, dy't in freon fan him wie, him dêrop oanspriek, krige dy fan Sellers in terwinkel. Uteinlik ferliet Sellers de produksje foargoed foar't al syn sênes opnommen wiene. Neitiid mocht Val Guest besykje om fan 'e film in rinnend ferhaal te meitsjen sûnder de ûntbrekkende sênes mei Sellers. It resultaat wie in film dêr't dúdlik hjir en dêr gatten yn falle, trochdat guon wichtige foarfallen net sjen litten wurde, trochdat der abrupte spronkjes makke wurde fan 'e iene nei de folgjende sêne en trochdat op guon plakken yn 'e film dúdlik bylden mei Sellers ynfoege binne, dy't filme wiene foar oare sênes.
 
===Distribúsje===
De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Casino Royale'' waard fersoarge troch [[Columbia Pictures]]. De film gie op [[13 april]] [[1967]] yn [[Londen]] yn [[premiêre]], en op [[28 april]] nochris yn [[New York (stêd)|New York]]. Dêrnei iepene er op [[28 maaie]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1967]] by [[platemaatskippij]] [[Colgems]]. ''Casino Royale'' waard yn [[1989]] foar it earste útbrocht as [[VHS]]-[[keapfideo]], yn [[2002]] op [[dvd]] en yn [[2011]] op [[blu-ray]].