Casino Royale (film út 1967): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
+ opnamen & distribúsje |
+ ûntfangst |
||
Rigel 233:
===Distribúsje===
De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Casino Royale'' waard fersoarge troch [[Columbia Pictures]]. De film gie op [[13 april]] [[1967]] yn [[Londen]] yn [[premiêre]], en op [[28 april]] nochris yn [[New York (stêd)|New York]]. Dêrnei iepene er op [[28 maaie]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1967]] by [[platemaatskippij]] [[Colgems]]. ''Casino Royale'' waard yn [[1989]] foar it earste útbrocht as [[VHS]]-[[keapfideo]], yn [[2002]] op [[dvd]] en yn [[2011]] op [[blu-ray]].
==Untfangst==
Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Casino Royale'' oer it algemien negative [[resinsje]]s. In protte resinsinten wiisden op 'e gaoatyske [[plot]]. [[Roger Ebert]] fan 'e ''[[Chicago Sun-Times]]'' skreau: "Dit is mooglik de gemaksuchtichste film ea makke." It [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[tydskrift]] ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' hie it oer "in ynkoherinte en [[fulgariteit|fulgêre]] ''[[vaudeville]]''," wylst ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' de film omskreau as "in gearklûntering fan [[sljochtsinnige]] sitewaasjes, [[inside joke]]s en [[special effects]], dy't it ûntbrekt oan [[dissipline]] en gearhing."
Yn ''[[The New York Times]]'' brocht [[Bosley Crowther]] wol guon positive dingen oer ''Casino Royale'' op 't aljemint. Sa priizge er it "flugge begjin" en de sênes oant it bakkaratspul tusken Bond en Le Chiffre ta. Fan dat punt ôf, sa fûn er, waard it skript [[ferfeling|ferfeelsum]] en werheljend en kaam it fol te sitten mei [[klisjee]]s fanwegen it "wylde en yn it wylde wei tafoegjen fan inside jokes en útwrydske grappen," resultearjend yn in fierstente lange spyldoer.
Yn [[1986]] skreau [[Danny Peary]] yn syn boek ''Guide for the Film Fanatic'': "It is dreech om te leauwen dat we yn [[1967]] echt hege ferwachtings hiene fan dizze saneamde ''[[James Bond (filmsearje)|James Bond]]''-[[parody]]. Doe wie it in [[teloarstelling]]; no is it in [[kuriositeit]], mar it is noch altyd like dreech om trochhinne te kommen." Yn [[2008]] skreau [[Leonard Maltin]]: "[De] film is freeslik ûngelyk – soms [[humor|grappich]], faak net." Andrea LeVasseur fan ''[[AllMovie]]'' fûn ''Casino Royale'' yn [[2012]] lykwols "de oarspronklike ultime spionaazjeparody", hoewol't it ek in "freeslike, healwize ramp" wie. Mar de "frijwol ûnmooglik te folgjen plot" makke de film neffens LeVasseur krekt "in [[satire]] fan 'e heechste graad", mei't de plots fan serieuze spionaazjefilms faak ek amper nei te kommen binne.
Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Casino Royale'' in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in healwize, datearre parody fol spionaazjefilmklisjees en fergriemt syn [[cast|stjerrecast]] oan in swalkjend skript dat foar it meastepart frij fan [[laitsjen]] is." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Casino Royale'' in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 11 resinsjes.
|