Casino Royale (film út 1954): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 104:
''Casino Royale'' wie de alderearste ferfilming fan in [[James Bond (romansearje)|''James Bond''-roman]], en waard makke foàr de oprjochting fan 'e [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[filmstudio]] [[Eon Productions]], dy't neitiid mei [[finansiering]] fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] studio [[United Artists]] (UA) de [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-films]] makke. De [[roman]] ''[[Casino Royale (roman)|Casino Royale]]'' koe lykwols yn it ramt fan dy searje net ferfilme wurde, om't de [[filmrjochten]] dêrop earder al troch [[Ian Fleming]] ferkochte wiene.
 
Nei't [[CBS (telefyzjenetwurk)|CBS]] der in tillefyzjefillm fan makke hie, ferkocht Fleming de rjochten op it boek yn [[1955]] nammentlik op 'e nij, diskear oan [[filmprodusint]] [[Gregory Ratoff]]. Dy syn [[widdo]] ferkocht se yn [[1960]] troch oan produsint [[Charles K. Feldman]], dy't mei [[Columbia Pictures]] yn see gie en yn [[1967]] op basis fan 'e roman de [[spionaazjefilm|spionaazje]][[parody]] ''[[Casino Royale (film út 1967)|Casino Royale]]'' makke, mei [[David Niven]] as [[James Bond]]. Neitiid bedarren de rjochten op ''Casino Royale'' yn [[1999]] úteinlik by de studio [[Metro-Goldwyn-Mayer]] (MGM), en doedy't dy studio yn [[1981]] [[konkurrint]] UA oernaam,oernommen hie. Sa kamen alle filmrjochten op 'e boeken fan Fleming doe foar it earst yn ien hân. Dat makke in nije ferfilming fan 'e roman mooglik troch Eon Productions. It resultaat wie ''[[Casino Royale (film út 2006)|Casino Royale]]'' út [[2006]].
 
De tillefyzjefilm ''Casino Royale'' út [[1954]] rekke nei de útstjoering al rillegau yn 't ferjit en wie [[desennia]]lang in [[ferlerne film]], oant [[filmhistoarikus]] [[Jim Schoenberger]] der yn [[1981]] in [[swart-wyt]]ferzje fan ûntdiek. Dêr ûntbrieken de lêste twa [[minuten]] fan, mar letter fûn Schoenberger yn in oar [[argyf]] in twadde swart-wytferzje werom, dy't wol folslein wie. De ûnfolsleine swart-wytferzje fan ''Casino Royale'' waard begjin [[1980-er jierren]] nochris op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch [[Turner Broadcasting System|TBS]], as ûnderdiel fan in ''James Bond''-maraton. De folsleine swart-wytferzje waard as bonusmateriaal tafoege oan in [[VHS]]-[[keapfideo]] en letter oan 'e earste [[dvd]] fan ''[[Casino Royale (film út 1967)|Casino Royale]]'' út [[1967]].