Ramayana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L red
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
It '''''Ramayana''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''रामायण''', sekuerdere transliteraasje: '''''Rāmāyaṇa''''' ([[útspr.]]: /[rɑːmɑːjəɳə]; likernôch: "raa-<u>maa</u>-juh-nuh"), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Mahabharata|Mahābhārata]]''). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e [[4e iuw f.Kr.|fjirde]] en [[5e iuw f.Kr.|fyfde iuw f.Kr.]] Yn dy tiid waard de [[haadpersoan]], de [[godheid]] [[Rama (god)|Rāma]], wierskynlik noch net beskôge as in [[reynkarnaasje|ynkarnaasje]] fan 'e [[oppergod]] [[Vishnu]]. [[Tradysje|Tradisjoneel]] wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en [[dichter]] [[Valmiki|Vālmīki]]. It ''Rāmāyaṇa'', dat [[oersetting|oerset]] wurde kin as de "Reis fan Rāma" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāma"), beskriuwt de syktocht fan Rāma nei syn troch de [[demon]] [[Ravana|Rāvaṇa]] ûntfierde[[ûntfierd]]e [[oarehelte|frou]] [[Sita (hindoeïsme)|Sītā]], dy't er úteinlik mei de help fan 'e [[apen|apegod]] [[Hanuman]] út Rāvaṇa syn [[keninkryk]] Lanka ([[Sri Lanka]]) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken [[goed en kwea]], mar leart de lêzer ûnderwilens in protte [[etysk]]e lessen. It ''Rāmāyaṇa'' is de wichtichste [[religy|religieuze]] [[tekst]] foar de [[vishnuïsme|vishnuïtyske]] hindoes fan 'e [[Rama-Sita-kultus|Rāma-Sītā-kultus]]. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e [[kultuer]] fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] [lân|lannen]] lykas [[BurmaBirma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it al sûnt iuwen[[iuw]]en [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]].
 
== Opbou en oarsprong ==