David Bowie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
FreyaSport (oerlis | bydragen)
L oars
Rigel 7:
Syn folgjende album “''Hunky Dory''” út 1971 is in stik rêstiger, mei foaral piano en akkoestyske gitaar. Bekende nûmers fan dat album binne “Changes”, “Oh you pretty things” en “Life on Mars?”. David Bowie stie bekend om syn eksentrike ferskining. Hy droech faak lange jurken en make-up wannear’t er op it poadium stie, mar mei it album “''The Rise and Fall of Ziggy Stardust''” lei er noch folle mear de klam op syn androgyne ferskining en syn bi-seksualiteit. Dat album giet oer de alien Ziggy Stardust dy’t in boardskip oerbringe moat, dat de ierde binnen fiif jier ferwoaste wurde sil. Op dit konseptalbum stean nûmers as “Starman”, “Ziggy Stardust” en “Sufragette City”. De muzyk fan dit album docht wol tinken oan “''Hunky Dory''” mar is wat mear hurde rock. Yn dy perioade holp er syn freonen [[Lou Reed]] (“Transformer”) en [[Mott the Hoople]] (“All the young dudes” ) mei harren nije albums. Letter die er dat ek foar [[Iggy Pop]] (“Lust for Live”).
 
Op it album ''“Alladin Sane”'' gong Bowie troch op it muzikale paed dat er ynslein wie mei “''The rise and fall of Ziggy Stardust''”. Op de plaat steane efter de titel Alladin Sane de jiertallen (1913-1938-197?-). David Bowie woe dêrmei oanjaan dat neffens him nei de Earste- en Twadde Wrâldoarloch no WO III in oantocht wêze soe. It folgjende album “''Pin Ups''” wie eins in frjemde ein yn it bit, want it bestie folslein út covers fan lietsjes dy’t datearje út de jierren sechstich, fan bands as Them, [[Pink Floyd (band)|Pink Floyd]], The Easybeats en [[The Who]].
[[Ofbyld:David bowie 05061978 01 150.jpg|thumb|David Bowie yn Oslo yn 1978]]