Kriesk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Sa klinkt it Kriesk
 
Rigel 14:
| ISO 639-3 = cro
}}
[[File:WIKITONGUES- Roanne speaking Crow.webm|thumb|Kriesksprekker]]
It '''Kriesk''' ([[Ingelsk]]: ''Crow''; Kriesk: ''Apsáalooke'', útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), is de lânseigen [[taal]] fan 'e [[Krieën (folk)|Krieën]] (''Crow''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[folk]] fan 'e eastlike [[Rocky Mountains]] en de [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. De taal wurdt ek wol '''Absaroka''' neamd, dat in [[Ingelsk]]e ferbastering fan it [[autonym]] is. It Kriesk is in [[Westsûaanske talen|Westsûaanske taal]], dy't ta de gruttere [[Sûaanske talen|Sûaanske]] [[taalfamylje]] heart. It is nau besibbe oan it [[Hidatsa (taal)|Hidatsa]], wêrmei't it de [[Missourydelling-Sûaanske talen|Missourydelling-Sûaanske taalgroep]] foarmet. It Kriesk is mei likernôch 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.