Nawatinehena (taal): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L wurd fergetten
 
Rigel 16:
It '''Nawatinehena''' ([[Ingelsk]] en Nawatinehena: ''Nawathinehena'') is in [[deade taal|útstoarne]] [[Algonkwynske talen|Algonkwynske]] [[taal]] dy't frij nau besibbe wie oan it [[Arapaho (taal)|Arapaho]], en dy't foarhinne sprutsen waard troch de [[Nawatinehena (folk)|Nawatinehena]], in beskate [[Yndianen|Yndiaanske]] [[etnyske groep]] op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. De measte saakkundigen binne fan tinken (op basis fan bewiis dat net folslein slutend is), dat it de oarspronklike taal wie fan 'e [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]], dy't earne yn 'e midden of de twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] oergien wêze soene op it [[Arapaho (taal)|Arapaho]].
 
It Nawatinehena is mar fragmintarysk oerlevere, yn in wurdelist dy't yn [[1899]] gearstald waard troch de [[taalkundige]] [[Alfred L. Kroeber]], op grûn fan ûndersyk ûnder de âlderein fan 'e Súdlike Arapaho yn it westen fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Oklahoma]]. Wol is dúdlik dat dizze taal in [[fonology]]ske ûntjouwing trochmakke hie dy't tige ôfwiek fan dy fan it Arapaho of it [[Gro Wânt (taal)|Gro Wânt]] (''Gros Ventre''), in oare nau besibbe taal.
 
Want wylst it Nawatinehena in soad wichtige fonologyske ynnovaasjes mei it Arapaho dielde, hie it de [[Proto-Algonkwynsk]]e *r, *θ en *s mei de *t ta [t] gearraand, ynstee fan ta [n], lykas yn it Arapaho, en liek it op dat mêd mear op it [[Swartfuotsk]] en it [[Sjajinsk]]. Ek feroare de Proto-Algonkwynkse *w yn in [m] ynstee fan gear te ranen mei *r, *s en *n ta [n].