Barbaar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
 
Rigel 2:
In '''barbaar''' (fan it [[Aldgryksk]]e βάρβαρος, ''barbaros'') is in [[minske]] dy't, alteast yn 'e eagen fan oaren, [[beskaving|ûnbeskaafd]] en/of primityf is. De oantsjutting wurdt ornaris brûkt yn [[meartal]]sfoarm, as 'barbaren', en wurdt dan almeast tapast as in [[generalisearring]] basearre op in [[stereotype]]arring fan in beskate [[etnyske groep]], [[religy|religieuze streaming]] of [[maatskiplike klasse]]. 'Barbaren' kinne leden wêze fan eltse [[steat|naasje]] en elts [[folk]]. It [[kritearium]] is in ûnderskiedend skaaimerk dat foar oaren oanlieding is om harren as minder oarderlik te sjen (lykas in [[tribale]] maatskippij) of as primityf (lykas [[nomade]]n) of as ûnwittend fan of neat jaand om dingen as [[keunst]] en [[poëzij]] (lykas de [[histoarysk]]e [[arbeidersklasse]]).
 
Oer it algemien wurdt mei [[minachting]] op barbaren delsjoen, mar it komt ek foar dat sokken krekt bewûndering oproppe en [[Romantyk|romantisearre]] wurde as [[nommele wylde]]n. Yn [[oerdrachtlike sin]] kin de term 'barbaar' fierders as in omskriuwende [[skelnamme]] brûkt wurde foar eltse persoan dy't [[ûnfatsoen]]lik, [[lompens|lomp]], [[wredens|wreed]] of [[oarlochssuchtigens|oarlochssuchtich]] is of as sadanich oerkomt. De [[maatskippij]] fan barbaren wurdt wol '''bararisme''' of '''barbarij''' neamd, wat termen mei in tige negative lading binne.
 
Yn it [[Alde Grikelân]] waard it wurd βάρβαρος (''barbaros'') brûkt as it [[tsjinstelde (taalkunde)|tsjinstelde]] fan πολίτης (''politēs''), dat "[[boarger]]" betsjut, d.w.s. in ynwenner fan in πόλις (''polis''), in [[stêdsteat]]. Dêrby gie it yn it foarste plak om net-[[Helleenske talen|Helleenske folken]], mar ek om [[banditen]], [[fûgelfaai]]en, [[slavernij|slaven]] en oaren dy't om 'e iene of oare reden net it boargerskip fan in stêd hiene. It wurd ''barbaros'' ûntstie yn it Aldgryksk as in [[klankneibearing]] fan 'e foar de Alde [[Griken]] ûnfersteanbere [[talen]] dy't útlanners sprieken.