Til Schweiger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Akteur | ôfbylding = Til Schweiger - Jan Žižka (Film, 2020).jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = 275px | echte namme = Tilman Valentin Schweiger | nasjonaliteit = 20px Dútsk | berne = 19 desimber 1963 | berteplak = Freiburg im Breisgau | stoarn = | stjerplak..."
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 okt 2021 om 16.58

Tilman Valentin Schweiger (berne op 19 desimber 1963 yn Freiburg im Breisgau) is in Dútske akteur, regisseur, skriptskriuwer en produsint.

Til Schweiger
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tilman Valentin Schweiger
nasjonaliteit Dútsk
berne 19 desimber 1963
berteplak Freiburg im Breisgau
etnisiteit Dútsk

Libben

Schweiger woeks yn Heuchelheim yn de Dútske dielsteat Hessen op as de middelste fan trije bruorren. Hy gyng nei de Herderschule Giessen, dêr't syn heit as learaar wurke; syn mem wie learares skiednis. Nei skoalle moast er yn tsjinst; yn dy tiid wied er û.o. yn Nederlân legere. Nei in skoft wegere Schweiger tsjinst en foar ferfangende tsjinstplicht yn in sikehûs ynset. Hy folge ferskillende stúdzjes sûnder dy ôf te meitsjen en yn 1986 sette er útein mei in toanieloplieding yn Keulen.

Karriêre

Nei't it ôfmeitsjen fan de toanieloplieding wurke er sûnt 1989 yn in teäter yn Bonn. Yn de jierren 1990 waard Schweiger bekend mei bioskoopfilms lykas Manta, Manta, Der bewegte Mann en Knockin' on Heaven's Door. Dêrnei hied er rollen yn ynternasjonale filmproduksjes lykas bygelyks Inglourious Basterds. Ek rjochte er syn eigen produksjefirma Barefoot Films op. Hy skreau it skript en wie regisseur fan Keinohrhasen, Kokowääh en Honig im Kopf, films dy't miljoenen minsken seagen en him ta de meast súskesfolle Dútske filmmakker makken.

Filmografy

Film

Jier Film (alternative titel) Produksjelân Rol Taljochting/prizen
1991 Manta, Manta Dútslân Bertie Earste film mei in haadrol
1993 Ebbies Bluff Dútslân Rudy
1994 Der bewegte Mann Dútslân Axel Feldheim Bambi-ûnderskieding
1995 Bunte Hunde Dútslân Pepe Brenner
1996 Männerpension Dútslân Steinbock Bambi-ûnderskieding; DIVA-Award
Das Superweib (The Superwife) Dútslân Hajo Heiermann
1997 Knockin' on Heaven's Door Dútslân Martin Brest ek it skript en produsint; 20e Ynternasjonale filmfestival fan Moskou: bêste akteur; Jupiter: bêste akteur; Goldene Kamera bêste akteur
Hercules Feriene Steaten Hercules (stim Dútske ferzje)
Bastard Dútslân / Frankryk / Poalen Brute Poalsk Film Festival: bêste akteur; Bravo Otto: bêste akteur
1998 The Replacement Killers Feriene Steaten Ryker
Judas Kiss Feriene Steaten Ruben Rubenbauer
SLC Punk! Feriene Steaten Mark
Der Eisbär (The Polar Bear) Dútslân Leo ek produsint
1999 Der große Bagarozy Dútslân Stanislaus Nagy
2000 Magicians Max
2001 Driven Feriene Steaten Beau Brandenburg
Investigating Sex Dútslân / Feriene STeaten Monty
Was tun, wenn’s brennt? (What to Do in Case of Fire?) Dútslân Tim
2002 Joe and Max Dútslân / Feriene Steaten Max Schmeling
2003 Lara Croft: Tomb Raider – The Cradle of Life Feriene Steaten Sean
2004 In Enemy Hands Feriene Steaten Captain Jonas Herdt
King Arthur Feriene Keninkryk / Feriene Steaten / Ierlân Cynric
(T)Raumschiff Surprise – Periode 1 Dútslân Rock Fertig Aus Bambi-ûnderskieding bêste akteur
Les Dalton Dútslân / Frankryk / Spanje Lucky Luke
2005 Barfuss Dútslân Nick Keller Ek skriuwer en produsint; Bambi-ûnderskieding bêste film
Deuce Bigalow: European Gigolo Feriene Steaten Heinz Hummer the Gigolo with the most below
2006 Bye Bye Harry! Dútslân Gantcho
One Way Dútslân Eddie Schneider ek produsint
Wo ist Fred? (Where Is Fred?) Dútslân Fred Krüppers Jupiter foar bêste akteur
2007 Body Armour Austraalje / Dútslân / Feriene Steaten / Spanje John Ridley
Keinohrhasen Dútslân Ludo Decker ek skriuwer en produsint; Ernst-Lubitsch-priis foar bêste comedy; Bambi foar de bêste film; Deutscher Comedy-priis foar de bêste comedy; Jupiter foar de bêste film; DIVA–ûnderskieding foar de bêste film
Already Dead Feriene Steaten The Man
2008 The Red Baron Dútslân / Feriene Steaten Werner Voss Bravo Otto-priis
Far Cry Dútslân / Kanada Jack Carver
1½ Ritter – Auf der Suche nach der hinreißenden Herzelinde Dútslân Ritter Lanze ek produsint
2009 Phantomschmerz Dútslân Marc
Inglourious Basterds Dútslân / Feriene Steaten Hugo Stiglitz Screen Actors Guild Award foar in prestaasje by útstek troch in cast yn in film
Männerherzen Dútslân Jerome Ades
Zweiohrküken Dútslân Ludo Decker Ek skriuwer en podusint; Deutscher Comedypreis bêste comedy
2011 Kokowääh Dútslân Henry Ek skriuwer en produsint
The Three Musketeers Dútslân / Frankryk / Feriene Keninkryk Cagliostro
Männerherzen 2 Dútslân Jerome
New Year's Eve Feriene Steaten James Schwab
2012 This Means War Feriene Steaten Heinrich
The Courier Feriene Steaten FBI agent
Schutzengel Dútslân Max Fischer ek produsint
2013 Charlie Countryman Feriene Steaten, Roemeenje Darko
Kokowääh 2 Dútslân Henry ek skriuwer en produsint
2014 Muppets Most Wanted Feriene Steaten Dútske plysjeman
Honig im Kopf Dútslân Niko Rosenbach ek regisseur en co-produsint
2016 Tschiller: Off Duty Dútslân Nick Tschiller
Vier gegen die Bank Dútslân Chris
2017 Atomic Blonde Feriene Steaten The Watchmaker
2018 Klassentreffen 1.0 – Die unglaubliche Reise der Silberrücken Dútslân Thomas ek regisseur; remake fan The Reunion
2018 Head Full of Honey Dútslân ober London Restaurant ek regisseur; Ingelske remake fan Honig im Kopf (2014)
2020 Die Hochzeit Dútslân Thomas ek regisseur
2022 Medieval Tsjechje Oldřich of Rožmberk

Tillefyzje

Jier Produksjelân Tillefyzjesearje Rol Taljochting
1989–1992 Lindenstraße Dútslân Jo Zenker 37 dielen
1994–1996 Die Kommissarin Dútslân Nick Siegel 26 dielen
1996 Adrenalin Dútslân Stefan Renner
Das Mädchen Rosemarie Dútslân Nadler
Die Halbstarken Dútslân Freddy
2002 Joe and Max Dútslân Max Schmeling
2013–2016 Tatort Dútslân Nick Tschiller Tatort yn Hamburch (4 dielen)
2020 Tatort: Tschill Out Dútslân Nick Tschiller

Keppeling om utens