Content deleted Content added
Rigel 129:
== Myn djipste ekskuzes ==
 
Kneppelfreed. Ik wit eins suver net iens wat ik sizze moat. Myn djipste ekskuzes foar sa'n stomme fout. Ik kin mysels wol wat dwaan. Ik waard der niis kâld fan doe't ik jo berjocht lies. Ik snap noch net hoe't dit sa stom hân haw. Der wie juster in fandaal mei IP-adres 194.27.35.87, dy't om 13.28 en 13.55 twa kear in side fandalisearre, sis eins mar wiske hat. Ik seach dat justerjûn, doe haw ik dêr even oer neitocht en úteinlik besletten dat dy mar in aardich skoft op 'e strafbank moast. Doe bin ik op Koartlyn feroare wer omleech scrolld op 'e siik nei 194.27.35.87 en doe moat ik, sa begryp ik no, by fersin jo útsluting fan dyselde fandaal om 19.05 nommen hawwe, dêr't dat IP-adres ek by neamd wurdt. En doe haw ik blykber jo útsletten. Oars soe ik teminsten net witte hoe't dit kin.

Dit is my wol slim yn 'e wei. En krekt op in dei dat ik de hiele dei oars besteld wie, jûns foar de tillefyzje siet en pas oan 'e ein fan 'e jûn de kompjûter noch even oansette om hjirre noch eefkes te sjen. Tanksij yngripen fan Drewes hawwe jo gelokkich net in hiele dei ferlern, mar oars hie dat wol sa west. Ik bin bliid dat jo der yn elts gefal neat efter sykje en daliks ynseagen dat ik dit noait wollen hie. No ja, wat kin ik der fierder noch fan sizze. Ik sil it mar foar in learmomint hâlde. Tenei trije kear checke mei útsluten. Nochris sorry en ik hoopje dat jo it my net oanrekkenje. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 okt 2021, 00.14 (CEST)