Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
FreyaSport (oerlis | bydragen)
Rigel 1.185:
:Goeie middei @[[Meidogger:Mysha|Mysha]],
:Ha my ek al ris ôffrege wêr't dat West-Fryske wei kaam, mar ek werom by de measte plakken de de Nederlânske beneaming der by stiet. De Nederlânske beneaming is hielendal net relevant foar Fryske plakken op de Fryske Wikipedy liket my ta. [[Meidogger:FreyaSport|FreyaSport]] ([[Meidogger oerlis:FreyaSport|oerlis]]) 1 nov 2021, 17.12 (CET)
 
:Goeie {{Ping|Mysha}}, dat "Westfryske" hat neat mei it [[West-Fryslân]] yn Noard-Hollân te krijen. Der wurdt mei bedoeld dat it de westlike fan de Fryske waadeilannen binne, sa't de waadeilannen yn Sleeswyk-Holstein de [[Noardfryske Eilannen|Noardfryske eilannen]], de eilannen yn Nedersaksen de [[Eastfryske Eilannen|Eastfryske eilannen]] en de eilannen yn Nederlân de Westfryske eilannen binne. Yn it bûtenlân, bûten Nederlân dus, wurde de Nederlânske eilannen mei ''Westfriesisch''/''West Frisian'' ensfth oantsjutten, dus alle eilannen bewesten de Iems. Allinnich yn Nederlân wurdt oer "waadeilannen" sprutsen, wylst yn it bûtenlân "Fryske eilannen" gongberder is. Dêrom soe dat der hjir sa ynset wêze tink ik. --[[Meidogger:Kneppelfreed|Kneppelfreed]] ([[Meidogger oerlis:Kneppelfreed|oerlis]]) 1 nov 2021, 18.11 (CET)