Havank: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien Stêd Rome.
 
Rigel 31:
Nei ferskate baantsjes kaam Van der Kallen, dy't no de ropnamme Hans brûkte, yn [[Amsterdam]] telâne. Op advys fan [[Willem Merckens]], keunstredakteur fan [[De Telegraaf]], begûn er yn [[1934]] mei it skriuwen fan misdieromans. Nei't er twa skreaun hie koe er der earst gjin útjouwer foar fine. Mar doe't [[Jacob van Schevichaven]] ferstoar, hie [[A.W. Bruna & Zoon|Bruna]] ferlet fan in misdieromanskriuwer, en sa waard yn [[1935]] ''Het mysterie van St. Eustache'' útjûn. [[Anton van Duinkerken]] betocht foar him it pseudonym "Havank", "H van K", lykas Van Schevichaven "Ivans", "J van S", hie.
 
Dat earste boek spile yn [[Frankryk]] mar de beskriuwings hie Van der Kallen út reisgidsen. Sa gau't syn earste boek oannaam waard troch Bruna, gong Van der Kallen nei Frankryk om syn neikommende boeken better situearje te kinnen. Yn [[1937]] en [[1938]] wenne er yn [[Rome (stêd)|Rome]], mar doe't yn [[1940]] [[Dútslân]] Frankryk oerweldige, wie Van der Kallen yn [[Parys]]. It duorre oant [[1942]] eart er fuort komme koe nei [[Spanje]]. Fan dêr gong er nei [[Grut-Brittanje]] dêr't er oarlochskorrespondint waard. Ek kaam er yn [[Londen]] yn 'e kunde mei Cynthia Isabel Vickers.
 
Op [[23 septimber]] [[1946]] trouden Hans en Cynthia. Se bleaunen earst noch yn Londen, mar fan [[1947]] oant [[1950]] wennen se yn [[Heemstede]]. Dernei wennen se ûnder oaren yn [[Cagnes-sur-Mer]] en op [[Palma de Mallorca]]. Mar der wie faak spul tusken de twa, en Cynthia gong in pear kear by Van der Kallen wei. Einglings gong se yn [[1955]] werom nei [[Londen]], mar se binne nea útinoar gongen. Nei [[1957]] kaam Havank nei súd Ingelân, sa't er wykeins by syn frou wêze koe, en troch de wike skriuwe koe. Yn [[1963]] waard er slim siik, en waard er opnaam yn it sikehûs yn Ljouwert. Doe't er út it sikehûs kaam, naam er syn yntrek yn Hotel Amicitia, dat njonken syn bertehûs stie. Op 22 juny 1964 waard er dêr dea fûn foar syn skriuwmasine. Hy wie nei in hertoanfal ferstoarn.