Wolfgang Amadeus Mozart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien Stêd Rome.
 
Rigel 9:
Mozart waard berne yn it [[Eastenryk]]ske Salzburch. Op 5-jierrige leeftyd joech Mozart syn earste konsert mei in pianokomposysje fan [[Eberlin]]. Op syn achtste waarden syn earste eigen komposysjes publisearre troch syn heit, wêrûnder ek inkele symfonyen. Mozart syn heit, [[Leopold Mozart]], dy’t de jonge Wolfgang yntinsyf begeliede hat him syn sus Nannerl fan jongs ôf oan meinaam op lange reizen lâns ferskillende foarstenhuzen. Ek lâns [[steedhâlder]] [[Willem V fan Oranje-Nassau]] yn [[De Haach]] yn [[1768]]. Yn [[1769]] waard Mozart beneamd ta konsertmaster oan it hof fan de aartsbiskop [[Hyronimous Colloredo]] fan Salzburch.
 
Yn july [[1770]] krige hy yn [[Rome (stêd)|Rome]] út hannen fan de [[Paus]] de [[Oarder fan it Gouden Spoar]]. Yn 1771 helle hy it diploma fan de [[Accademio Filamonica]] yn [[Verona]]. Omdat er safolle reizge moast er wol ûntslach nimme as konsertmaster fan Salzburch. Nei in ferbliuw yn [[Mannheim]] by de famylje Weber, reizge hy tegearre mei syn men oant Parys. Dêr hope hy wurk te finen. Se moasten dêr wenje yn in lytse neare keamer. Yn july 1778 ferstoar syn mem yn [[Parys]]. Mozart waard opnij oansteld oan it biskoplik hof yn Salzburch. Mar diskear foar in lyts salaris. Syn taken wienen dêr it koar les te jaan en tsjerklike en wrâldske muzyk te komponearjen. Mar al gau kaam it ta nije konflikten. Mozart fielde him net respektearre en it konflikt einige yn in ûntslach. Hy reizge nei Wenen en fûn ûnderdak by de famylje Weber dy’t ferhuze wie út Mannheim wei. Dêr waard hy fereale op de twadde dochter. Earst mocht de earste dochter op syn belangstelling rekkenje mar dit koe neat wurde. Hy troude mei Constanze, dit tsjin de sin yn fan syn heit Leopold op [[4 augustus]] [[1782]]. It binne foar Mozart persoanlik sjoen de lokkige jierren. Hy jout muzyklessen en in soad konserten. De muzykútjouwer Artaria tinkt er sels oer nei om syn komposysjes út te jaan. Foar it earst wurdt der yn in muzyktydskrift omtinken jûn oan ien fan syn konserten. En yn de simmer fan 1783 wurdt syn earste soan, Raimund Leopold berne.
 
== In mindere tiid ==