Godshûs (gebou foar earetsjinst): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien Stêd Rome.
 
Rigel 1:
[[File:Hephaistos.temple.AC.02.jpg|right|thumb|250px|De [[Timpel fan Hefaïstos]], yn [[Atene]].]]
In '''godshûs''' is in [[bouwurk]] dat bedoeld is foar de útoefening fan [[godstsjinst]]ige en [[geast|spirituële]] [[ritueel|rituëlen]] en [[seremoanje]]s en foar oanbesibbe aktiviteiten lykas it dwaan fan [[gebed]]ens en it bringen fan [[offerritueel|offers]]. Under dizze term kinne sokke bouwurken fan alle [[religy]]en beflapt wurde, hoewol't foar [[kristendom|kristlike]], [[joadendom|joadske]] en [[islam]]ityske godshuzen yn 'e regel de spesifikere oantsjuttings [[tsjerke]], [[synagoge]], resp. [[moskee]] brûkt wurdt. Foar godshuzen dy't yn gebrûk binne by oanhingers fan it [[bahaïsme]], [[boedisme]], [[hindoeïsme]], [[jaïnisme]], [[sikhisme]], [[sjintoïsme]], [[soroästrianisme]], [[taoïsme]] en oare godstsjinsten wurdt ornaris de algemiene namme '''timpel''' (fan it [[Latyn]]ske ''templum'') oanholden, en itselde jildt foar [[heidendom|heidenske]] godshuzen út 'e [[Aldheid]], dêr't yn [[Grikelân]], [[Rome (stêd)|Rome]], [[Egypte]] en it [[Midden-Easten]] noch rûnom [[ruïne]]s fan werom te finen binne. De measte [[natoerreligyen]] meitsje gjin gebrûk fan timpels; se hâlde harren earetsjinsten gewoan yn 'e iepen loft, yn 'e hûs of yn in [[tinte]]. Dat wol lykwols net sizze dat [[timpel (natoerreligyen)|yn natoerreligyen timpels hielendal net foarkomme]].
 
Fanwegen dit grutte ferskaat oan religieuze rjochtings is de foarm en funksje fan godshuzen ek tige fariabel, hoewol't se gauris itselde spirituële konsept belichemje fan it "hûs" fan ien of mear [[god|goaden]]. Faak komt men yn godshuzen om op 'e iene of oare foarm in [[offerjefte]] oan dy god of goaden te bringen en/of om 'e help fan dy god of goaden ôf te smeekjen yn [[gebed]]ens of mei oare rituëlen. Godshuzen wurde faak ûnderholden troch in spesjale groep [[geastlike]]n dy't meastal ek foargeane yn in ferskaat oan seremoanjes. Ynhoefier't de hiele leauwensmienskip tagong hat ta it [[gebou]], ferskilt sterk, mei't it alhiel gjin seldsum ferskynsel is dat in diel fan it godshûs of soms sels it hiele gebou inkeld tagonklik is foar de geastliken sels. Ek komt it foar dat [[froulju]] of beskate [[maatskiplik]]e groepen ([[kaste]]n) fan tagong ta it godshûs útsletten binne, wat almeast te krijen hat mei it religieuze begryp fan [[ûnreinheid]]. Godshuzen hawwe faak in haadgebou mei dêromhinne in soarte fan [[hiem]] dat derby heart (by tsjerken in [[tsjerkhôf]]), soms mei ferskate [[bygebou]]wen. As de gewoane leauwenden gjin tagong ta it godshûs sels hawwe, meie se har yn 'e regel wol op it byhearrende hiem bejaan.