Hillige Roomske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien Stêd Rome.
Rigel 35:
De kroaningen fan de [[keizer]]s fan it Hillige Roomske Ryk wienen ynspirearre op de kroaning fan [[Karel de Grutte]] yn [[800]]. In takomstich keizer moast earst en foaral kening fan de Dútsers wurde. [[Kening fan Dútslân|Dútske keningen]] waarden al iuwen keazen, yn de [[9e iuw]] troch de lieders fan de fiif wichtichste stammen (de [[Franken]], de [[Saksen (folk)|Saksen]], de [[Beieren (folk)|Beieren]], de [[Alemannen|Swaben]] en de [[Tueringen|Tueringers]]), letter waarden dizze keningen keazen troch de trije biskoppen, de [[paltsgreve]], en de trije foarnaamste hartoggen. Noch leter kaam der in kolleezje fan [[karfoarst]]en yn swang. Dit kolleezje waard offisjeel gearstald yn [[1356]]. Oarspronklik wienen der sân kiesgerjochtigden, mar dit oantal feroare yn de rin fan de iuwen.
 
Oant [[1508]] reisge de nij keazen kening nei [[Rome (stêd)|Rome]] om him troch de paus ta keizer kroane te litten. Nea koe de keizer autonoom syn ryk bestjoere. Syn macht waard bot beheind troch de ferskillende lokale lieders. Nei de [[15e iuw]] waard de [[Ryksdei]] oprjochte as it wetjouwend orgaan fan it Ryk. Dizze Ryksdei wie een fergaderjend orgaan dat op ferskate lokaasjes by inoar kaam. Pas nei [[1663]] soe de Ryksdei in permanint orgaan wurde en waard hy fêst yn [[Regensburg]] fêstige ("''Immerwährender Reichstag''").
 
=== Rykssteaten ===