Grinslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Hebel (oerlis | bydragen)
L Bewurkings fan "Hebel" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Anoniem-NOF".
Lebel: Weromdraaiïng
Rigel 72:
 
== Algemien ==
Grinslân wurdt wol ''Stêd en Ommelannen'' neamd. De stêd is dan [[Grins (stêd)|Grins]], de [[Ommelannen]] it plattelân dêrom hinne. Fan oarsprong wie de stêd [[Saksen (folk)|Saksysk]] en it plattelân [[Friezen|Frysk]], de gebieten hienen faak spul mei elkoar. De trije histoaryske Ommelanner ketieren binne [[Hunsingo]], [[Fivelingo]] en it [[Westerkertier]]. De Ommelannen en it [[Aldamt (regio)|Aldamt]] wienen oant de [[15e iuw]] foar it meastepart Frysk, de stêd, [[Goarjocht]] en [[Westerwâlde]] wienen Saksysk. No wurdt hast oeral yn de Ommelannen [[Nedersaksysk]]e dialekten sprutsen. Allinne de doarpen [[Mearum]], [[De Wylp]], [[Koerherne]] en [[De Grinzer Pein]] yn it Westerkertier binne foar it grutste part noch altyd [[Frysk]]talich.
 
Grinslân is nei [[Drinte]], [[Fryslân]] en [[Seelân]] de tinst befolke provinsje fan Nederlân, mei 246 ynwenners de kante kilometer.