Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
L →‎Hoeden: Ik haw in skriuwflaterke ferbettere.
→‎Rome: nije seksje
Lebel: Keppelings betsjuttingssiden
Rigel 537:
 
Goeie. Hawwe jo de diskusje oer it al of net ferfryskjen fan plaknammen lêzen op [[Wikipedy_oerlis:Mienskip#Ferfrysking of net-ferfryskjen fan plaknammen bûten Fryslân]]? Ik wit net oft jo dêr ek oer meistimme wolle, en dat moatte jo fansels ek sels witte, mar we sille der sa stadichoan oer gear. Ik haw dêr sein dat ik net mei de diskusje begjin te suteljen op oerlissiden fan meidoggers dy't hjir amper mear komme, mar no't jo wer aktyf binne, soe it al wat healwiis wêze om oan jo foarby te gean. As jo stimme wolle, kin dat [[Wikipedy_oerlis:Mienskip#Gearfetting]] troch in copyrightsymboal te pleatsen efter de ferfryske of net-ferfryske foarm. We hiene ôfpraat dat it foar de ferfryske foarm in grien symboaltsje wêze soe en foar de net-ferfryske foarm in read symboaltsje, mar dat is net oeral goed gien. De bedoeling is lykwols wol dúdlik tink ik. In blau symboaltsje is in ûnthâlding. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 26 jun 2019, 23.22 (CEST) en [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 26 jun 2019, 23.30 (CEST)
 
== Rome ==
 
Goeie. Ik seach op Koartlyn Feroare dat jo bot warber west hawwe mei it oanpassen fan keppelings, benammen fan <nowiki>[[Rome (stêd)|Rome]] nei [[Rome]]</nowiki>. Dat der sa'n protte keppelings <nowiki>[[Rome (stêd)|Rome]]</nowiki> binne, komt om't ik okkerdeis it artikel "Rome (stêd)" omneamd haw ta "[[Rome]]", om't dat neffens my fierwei de gongberste betsjutting is. Ik bedoel, 9 fan 'e 10 kear of miskien wol 99 fan 'e 100 kear as je "Rome" sizze, dan bedoele je de haadstêd fan Itaalje. Dat ik haw de betsjuttingsside mei de oare betsjuttings ferskood nei [[Rome (betsjuttingsside)]]. Wat ik eins net begryp is wêrom't jo dy keppelings oanpasse wolle. <nowiki>[[Rome (stêd)|Rome]] wiist moai troch nei [[Rome]]</nowiki>, dus alles wurket prima sa't it is. Ik haw ris eefkes sjoen hoefolle siden oft noch in keppeling hawwe mei <nowiki>[[Rome (stêd)|Rome]]</nowiki>, en dat binne der noch mear as 600. No wol ik jo de wet net foarskriuwe, mar foardat jo dy keppelings allegear feroarje en dêr noch dagen wurk yn stekke, woe ik jo der dochs even op wize dat it neffens my eins net nedich is. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 4 nov 2021, 21.30 (CET)