Oerlis:Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ?
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik bin dat paradys al heech en fier kwytrekke.
Rigel 1:
== Eat mei it Paradys ==
No hawwe wy in keppeling nei "Paradise Lost", mar at men dêr op klikt, komt men út by in ferwizing. It docht bliken dat dy allinnich út komt by "It Paradys Ferlern", meimar dy hat dan fral de beskriuwing fan it oarspronklike boek. Is dat artikel dan noch oer "It Paradys Ferlern", of is dat Frysk in bysaak? [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]]) 5 nov 2021, 09.24 (CET)
:Ik wit net krekt wat jo freegje wolle, mar op eltse fal liket it my normaal dat it artikel [[It Paradys Ferlern]] hannelet oer it gedicht 'Paradise Lost'. It is op de measte Wikipedia's sa dat de titel fan in literêr wurk oerset wurdt as der in oersetting fan dat wurk yn de taal fan dy Wikipedia bestiet. En mei't der sûnt 2009 in Fryske fersje fan dit ferske is, is it loagysk dat sa'n artikel gjin "Paradise Lost" hjit.
:Ik sil oars de keppeling wol omlizze. Nei trochverwiizingssiden soenen we eins noait keppelje. [[Meidogger:Steinbach|Steinbach]] ([[Meidogger oerlis:Steinbach|oerlis]]) 5 nov 2021, 10.31 (CET)
:: Ik wit ek net krekt wat ik freegje wol. Ein fan de toetswike, mei in renovaasje dy't al wiken duorret; ik fernim stadichoan dat it wat mear easket as oars. Ik fernim wol dat der eat oars is, mar krekt wat ... At wy ... At it artikel "It Paradys Ferlern" is, moat it dan net wier as "It Paradys Ferlern" skreaun wurde. Efkes sjen: At wy it hawwe oer "Uumasoqat", sizze wy dan dat de ferneamde(?) skriuwer "Uumasoqat" skreaun had ("it oare bist"), as dat it "Qivittoq. Ferhalen út Grienlân" wêze soe (at immen it wier sa oerset). Ik tink ik soe it lêze wolle as "Uumasoqat (Qivittoq. Ferhalen út Grienlân)". Is dat wat it selde as wat jo hawwe woenen? [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]]) 5 nov 2021, 11.58 (CET)
Werom nei de side "Ingelân".