Warsingsfehn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
in pear bonkjes fuorthelle
→‎Skiednis: dat derby
Rigel 31:
It doarp Warsingsfehn ûntstie yn de [[achttjinde iuw]] as in [[feanterij]], mar Rorichmoor wie dêrfoaroer al dúdlik âlder. Dat doarp waard yn [[1577]] as ''Rohermoor'' neamd, en dat gie nei alle gedachten om in yn it [[fean]] oanleine delsetting oan de westigge fan de [[Iems]]. Ek koe it ferwiisd wêze nei de [[terp]]doarp [[Rorichum]]. By de [[Krystfloed (1717)|krystfloed]] fan [[1717]] strûpte dat doarp ûnder wetter, en waard dêrnei nei it hjoeddeistige plak ferpleatst.
 
[[16 novimber]] [[1736]] wurdt sjoen as de stiftingsdatum fan Warsingsfehn. Op dy dei bemachtige Gerhard Warsing [[heechfean]]grûn fan 225 hektare yn erfpacht. Hy liet in [[Kanaal (wetterwei)|kanaal]] fan in syddjip by Sieve by [[Tergast]] fan it [[Fehntjer Tief]] yn súdeastlike rjochting grave dy't foar it ûntwetterjen fan it oanpachte lân en foar it ferfieren fan it ôfgroeven [[Turf (brânstof)|turf]] tsjinje koe. Under syn soan Hermann Warsing waard it erfpachtgebiet fierder útwreide: yn [[1769]] mei 50 hektare, yn [[1776]] mei 62 hektare en yn [[1779]] mei 10 hektare.
 
Oan dat kanaal lieten se sydkanalen grave dy't heaks op it haadkanaal leine. Dêr ûnderferpachten se lân, dy't it feangrûn fierder ôfgroeven. It ôfgroeven turf waard mei turfskippen ferfierd nei de tichteby lizzende stêden [[Lier (stêd)|Lier]] en [[Emden]]. De [[dalgrûn]], dy't nei it ôfgroeven fean oerbleau waard bedonge mei [[dong]] fan [[fee]] fan it Eastfryske seeklaaigebiet.