Fitness: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Boarnen
Rigel 4:
Foar thústrening is it lykwols al wichtich dat men genôch kennis oer dit ûnderwerp hat, want mei ferkearde trening kin men jinsels raar skeine. Sportskoallen en fitness-sintra beskikke oer grutte apparaten dy't spesjaal foar fitnesstrening ûntwurpen binne, lykas [[hometrener]]s, [[crosstrener]]s en [[binnendoar-roeimasine]]s. Men kin jinsels ek sûnder sokke masines trene, bygelyks mei ienfâldige apparaten dy't opklapt en ûnder jins bêd opburgen wurde kinne, of troch ienfâldiger oefenings te dwaan, lykas [[toutsjespringen]], ''[[stretching]]'' ("út-" of "oprekken"), [[opdrukken]], [[oplûken]] of it dwaan fan ''[[sit-ups]]''.
 
Fitnesstrening kin, lykas bekend, foar ferskate doelen tsjinje, bgl. ta stipe fan 'e sûnens en algemien fitheid; it oanmeitsjen fan [[spier]]en ([[bodybuilding]]) of de taname fan spierkrêft; of it ferbrânen fan lichemsfet mei de bedoeling om [[ôffallen|ôf te fallen]].<ref>[https://fitnessprogramer.com fitness planner]</ref> Ek kin it gewoan in leafhawwerij wêze dêr't men aardichheid oan hat, sadat it dwaan fan fitnesstrening in doel op himsels wurdt. Minder bekend is dat fitnesstrening ek ynset wurde kin foar medyske doelen, mei't it effektyf bleken is om klachten foar te kommen of te ferminderjen fan [[sûkersykte]], [[hege bloeddruk]], [[hertfalen]], de [[long]]sykte [[COPD]], [[bonke-ûntkalking]] en [[klinyske depresje|depressiviteit]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=