Frankyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 16:
 
== Ferdrach fan Ferdun ==
[[Ofbyld:Vertrag von Verdun en.svg|thumb|300px|Ferdieling neffens it Ferdrach fan Ferdun]]
Yn [[817]] stelde keizer Loadewyk de Fromme it ''[[Ordinatio Imperii]]'' (Oardering fan it Ryk) op en ferdiel it Ryk oer syn soannen. Nei syn ferstjerren yn [[840]] rekken de trije soannen [[Lotarius I]], [[Loadewyk de Dútser]] en [[Karel de Keale]] yn in boargerkriich belutsen. Yn [[842]] ûnthieten Loadewyk de Dútser en Karel de Keale de [[Eed fan Straasburch]] tsjin Lotarius. Yn [[843]] waard de frede tusken de trije bruorren mei it [[Ferdrach fan Ferdun]] tekene. It Ryk waard yn trije parten ferdield. Karel de Keale krige it westlike part, [[West-Frânsje]]; Loadewyk de Dútser krige it eastlike part, [[East-Frânsje]] en Lotarius krige it [[Midfrankyske Ryk|Middenryk]] en de keizerstitel.