Hearresylbrêge: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
kt |
oanf. |
||
Rigel 1:
De '''Hearresylbrêge''' waard yn [[1969]] iepene oer de '''Hearresyl''', de ferbining tusken de [[Terkaplester Puollen]] en de [[Snitser Mar]]. De iepening fan 'e brêge waard fierd as in heuglik feit en in stimulâns foar de [[wettersport]] yn dizze kontreien. Der wienen doe al jierren fan praten oan foarôfgien; oer it wol of net opnij iepen meitsjen fan de ferbining tusken Snitser Mar en Terkapelster Poel. Foar de oarloch wie der hielendal gjin iepening tusken dizze twa wetters. Oan wjerskanten fan de dyk nei Terherne wienen reidpôlen mei dêrefter de mar en de poel. Dochs hie der yn de [[16e iuw]] al in [[syl]] yn dizze dyk sitten.
Yn de lette midsiuwen waard dizze slachtedyk oanlein as kearing tsjin it wetter fan de [[Middelsee]]. It lân fan de [[Lege Wâlden]] en fierder eastlik waard sa beskerme tsjin oerstreamings. Doe’t om [[1530]] hinne de gebieten by It Hearrenfean ôfgroeven waarden foar turf, moast dy turf ôffierd wurde mei skippen. Dêrom waarden ferskate sleatten en kanalen groeven en waard troch de bekende feanbazen Dekema, Cuyck en Foeyts ek in trochgang makke yn dizze slachtedyk, om sa de turf fia de Snitser Mar ôffiere te kinnen nei de Sudersee. De Hearesyl waard oanlein, neamd nei de trije hearen.
De slûs hat in pear iuwen tsjinst dien, maar slûs en dyk waarden net goed ûnderhâlden. It ûnderhâld moast mienskiplik dien wurde troch de feanhearen en de gebieten oan de eastkant van de dyk, want dizze gebieten waarden beskerme troch de dyk en syl. It wienen de gemeenten Utingeradeel, Haskerlân en Aenjewier. Mar der wie in soad strideraasje ûnderling, sadat slachtedyk en slûs fersuteren. De dyk koe it wetter net goed mear keare; de lannen yn ús omkriten strûpten der geregeld wer ûnder by heech wetter.
Yn [[1882]] kaam der in ein oan dizze sitewaasje. De provinsje lei in nije slachtedyk oan. It farferkear waard omlaat troch [[Terherne]] en it gat waard ôfdamme en tichtgoaid. Der kaam in dyk foar it ferkear oerhinne, de pont koe ferfalle.
|