Notre-Dame fan Caudebec-en-Caux: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Dubbel pipe-teken gevonden in een link
Rigel 53:
== Brânskildere ramen ==
[[File:Caudebec-en-Caux---Église-Notre-Dame-dpt-Seine-Maritime--DSC 0567.jpg|thumb|left|''Lêste Nachtmiel'']]
De ramen fan de tsjerke út de 15e-16e iuw binne ferneamd. Boppe it portaal fan it noardlike [[Skip (tsjerke)|skip]] binne fjouwer ramen fan [[Ingelân||Ingelske]] makkelei út de begjintiid fan de tsjerke. Dy nei alle gedachten âldste ramen binne skonken troch Foulques Eyton, oanfierder fan in [[Grut-Brittanje|Britsk]] garnizoen yn de [[Hûndertjierrige Kriich]]. Ien dêrfan is de hillige [[Joaris (hillige)|Joaris]], beskermhillige fan Ingelân. Dêrfoar oer is in raam fan [[Michael (aartsingel)|Sint-Michael]], patroanhillige fan Normandje. De ramen út dy tiid, fral dy fan de kapellen fan it noardlike sydskip, binne hilligen fan de ambachtsgilden, dêr't it warbere Caudebec fan dy tiid in soad fan hie.
 
Noch ferneamder binne de 16e-iuwske ramen, dy't yn de fjouwer kapellen fan de lêste twa [[travee]]ën fan de westlike kant te sjen binne. Yn de ûnderste finsters fan de westlike gevel binne twa [[renêssânse]] ramen, mooglik binne se makke yn it atelier fan Arnold fan Nimwegen, in [[Nederlân]]ske glesker dy't ek de brânskildere ramen fan de Jeanne d'Arc-tsjerke fan [[Rouen]] makke. Dy ramen stellen foarstellings út it [[Alde Testamint]] en it libben fan [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)| Jezus]] foar: [[Jezus en de Samaritaanske]] oan de Jakobsboarne (súdlike sydskip, 1532), [[Mozes (profeet)|Mozes]] en it oerstekken fan de [[Reade See]] troch de Israeliten, it [[Lêste Nachtmiel]], de [[Wizen út it Easten|Trije Kenings]], it libben fan de hillige [[Jehannes de Doper]] en in [[Beam fan Jesse]].