Fernando Alonso: ferskil tusken ferzjes

L
Linkfix
(stavering hifke, hoopje ik)
L (Linkfix)
Ta gefolch fan in crash by de testsessies foarôfgeand oan it seizoen 2015 moast Alonso de iepeningsrace yn Austraalje oerslaan. De auto fan Mclaren bliek dat seizoen net sterk genôch: sawol Alonso as syn teamgenoat [[Jenson Button]] moasten gauris de race beëinigje omreden motorproblemen en de auto wie net rap genôch om regelmjittich yn de top 10 te einigjen. Alonso einige dan ek op it santjinde plak yn it einklassemint.
 
Yn [[2016]] wie de McLaren frijwat ferbettere, mar it team kaam noch faasje tekoart om mei te dwaan mei de absolute top. Mar Alonso wist dochs regelmjittich in top 10-klassearringen te riden, mei twa fyfde plakken yn [[Monako]] en de [[Feriene Steaten]] as hichtepunten. Dêr stie foaroer dat er by de Grutte Priis fan Austraalje in swiere crash meimakke, wêrby't er efter op de auto fan [[Esteban Gutiérrez]] ried en oer de kop sloech. De twadde race fan it seizoen moast er dêrtroch misse. Yn dat seizoen einige Alonso op it tsiende plak yn it einklssemint.
 
It seizoen [[2017]] ferrûn net bêst en Alonso foel mar leafst sân kear út. Hy skoarde lang om let santjin punten en waard fyftjinde yn het einklassemint.
2.469

bewurkings