Utstjerren (biology): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 13:
Mear as 99% fan alle soarten dy't ea op 'e [[Ierde (planeet)|Ierde]] libbe hawwe, binne no útstoarn. Dan hat men it oer mear as fiif miljard soarten. Op dit stuit libje der nei skatting 8,7 miljoen soarten [[eukaryoaten]] op 'e Ierde, en mooglik withoefolle kear safolle soarten [[mikro-organisme]]n, lykas [[baktearjes]]. Bekende foarbylden fan útstoarne bisten of groepen bisten, binne: [[trilobiten]], (net-fleanende) [[dinosauriërs]], [[sabeltosktigers]], de [[wolhierrige mammoet]], de [[dodo]], de [[trekdo]], de [[reuze-alk]], de [[Tasmaanske bûdelwolf]] en de [[goudpod]].
 
De frekwinsje fan gefallen fan útstjerren wurdt noch mar relatyf koart byholden, en it is dan ek noch mar frij resint, likernôch fan 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] ôf, dat [[wittenskipper]]s de alaarmklok let hawwe oer it [[Holosene ekstinksje|hege tal hjoeddeistige gefallen fan útstjerren]]. Neffens in [[rapport (ferslach)|rapport]] út [[2019]] fan it [[Yntergûverneminteel Wittenskipsbeliedsplatfoarm foar Bioferskaat en Ekosysteemtsjinsten]] (IPBES) wurdt op 't heden 25% fan alle [[bist]]e- en [[plant]]esoarten mei útstjerren [[bedrige soarte|bedrige]]. Sûnt [[1750]] binne der ynsafier't neigien wurde kin teminsten 571 soarten útstoarn, mar nei alle gedachten leit it wiere sifer datoangeande folle heger. De wichtichste reden foar fierwei de measten fan dy gefallen fan útstjerren is de ynfloed dy't [[minsklik]]e aktiviteiten op 'e [[natoer]] hawwe, koartsein de ferneatiging fan natuerlike [[habitat]]s, bgl. troch it [[kapjen]] fan [[wâld]]en om romte te meitsjen foar [[stêd]]en of [[lânbou]]grûn.
 
{{boarnen|boarnefernijing=