Saksofoan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
→‎Berik: linkje oanpast
Daam (oerlis | bydragen)
L →‎Gebrûk: big band --> bigband
Rigel 35:
De komponist [[Hector Berlioz]] wie fuortendaliks wei fan it ynstrumint. Hy skreau der loovjend oer en by konserten fan him wie de saksofoan foar it earst yn it iepenbier te hearren.
Dochs fûn de saksofoan gjin yngong yn it tradisjonele [[symfony]]-orkest. Wol waard it ynstrumint al gau brûkt yn it militêre [[harmony]]-orkest.
Ek hjoed de dei wurdt de saksofoan yn in soad blaasorkesten brûkt, lykas it harmony-orkest, de [[fanfare]] en de [[big bandbigband]]. As solo-ynstrumint kin men de saksofoan rûnom tsjinkomme: yn jazz-, [[klezmer]]- en [[popmuzyk]] en de [[klassike muzyk]].
De saksofoan waard útfûn as klassyk ynstrumint en hat syn eigen ûntjouwing trochmakke yn de klassike muzyk. Hoewol't de saksofoan as regulier orkestynstrumint nea trochkrongen is yn it tradisjonele symfony-orkest (mei troch it kommunikative ûnfermogen fan Adolphe Sax) hat it as solo-ynstrumint en yn de [[keamermuzyk]] in wichtige rol spile. Benammen yn de [[20e ieu]] gong dy ûntjouwing hurd. Wichtich inisjatrise fan nij saksofoanrepertoire wie de [[Amerikaansk]]e ''mecenas'' [[Elisa Hall]] dy't swierrichheden mei it sykheljen hie. Hja stimulearre [[André Caplet]], [[Claude Debussy]], [[Vincent d'Indy]], [[Florent Schmitt]] en in soad oaren om stikken foar har te skriuwen. Oan har minne sûnens tankje wy dus de moaiste saksofoannoaten.
Yn de keamermuzyk hat foaral it [[saksofoankwartet]] furore makke. Nei in wat hoeden begjin yn de [[19e ieu]] troch komponisten as Singelée en Forio, waard it sjenre troch opswypkjende sjenyen as [[Marcel Mule]] en [[Sigurd Rascher]] mei faasje ûnder it folk brocht: masterwurken fan [[Aleksandr Glazoenov]], Rivier, Bozza en [[Iannis Xenakis]] soenen de muzykskiednis foar altyd feroarje.