Taalgebiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 6:
* [[Dútsk]] yn [[Dútslân]], [[Eastenryk]], [[Lychtenstein]], [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]], Dútsktalich [[Switserlân]] en de [[Dútsktalige Mienskip]] yn [[Belgje]]. Ek is der in Dútsktalige mienskip yn [[Namybje]], dêr't Dútsk de offisjele taal fan is.
* [[Ingelsk]], feriene yn de [[Anglosfear]] (''Anglosphere''); [[Austraalje (lân)|Austraalje]], it [[Feriene Keninkryk]], [[Feriene Steaten]], [[Ierlân]], [[Kanada]], [[Nij-Seelân]] en ferskate eardere Britske en Amerikaanske koloanjes dy't foar in grut part feriene binne yn it [[Mienebest fan Naasjes]], dêr't Ingelsk njonken de lânseigen talen de offisjele taal is.
* [[Frânsk]], feriene yn de [[Frankofony]] (''la Francophonie''); [[Frankryk]], [[Belgje]], [[Lúksemboarch (lân})|Lúksemboarch]], westlik [[Switserlân]], [[Monako]], eardere Frânske koloanjes yn [[Afrika]], de [[Frânske Antillen]], de [[Kanadeeske provinsjes]] [[Kebek (provinsje)|Kebek]] en [[Nij-Breunswyk]] en parten fan de Feriene Steaten: [[Louisiana]] en noardlik [[Nij-Ingelân]].
* [[Nederlânsk]], feriene yn de [[Nederlânske Taaluny]]; [[Nederlân]], [[Belgje]], [[Suriname]], [[Arûba]], [[Kurasao]] en [[Sint-Marten (lân)|Sint-Marten]].
* [[Portegeesk]], feriene yn de [[Lusofony]] (''Lusofonia''); [[Portegal]], [[Brazylje]], eardere Portegeeske koloanjes yn [[Afrika]], [[East-Timor]] en [[Makau]].