Katedraal fan Rouen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 63:
Yn de wiken foar de ynvaazje fan Normandje fierde de [[Royal Air Force]] loftoanfallen út om transportknooppunten te ferneatigjen, sadat it befoarriedzjen fan de [[Wehrmacht]] hindere waard en der minder [[Nazy-Dútslân|Dútsk]] fermogen wie om wjerstân te bieden.
 
Yn 'e nacht fan 18 op 19 april foelen de bommesmiters Rouen oan mei as doel it ranzjearstasjon yn Sotteville-lès-Rouen en de tichteby lizzende spoarbrêge oer de [[Seine (rivier)|Seine]] te reitsjen. It âlde sintrum fan Rouen waard slim troch de bombardeminten troffen en fiif bommen foelen op de katedraal. It skilde net folle of ien fan de pylders fan de sintrale toer waard rekke; dielen fan it súdlike sydskip en twa [[roasfinster]]s waarden fernield.
 
De loftoanfallen troch de bommewerpers fan de [[Amerikaanske Legerloftstriidkrêften|Amerikaanske loftmacht]] feroarsaken brannen yn de katedraal. Op 1 juny 1944 baarnde de noardlike toer út.