Heinitzpolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]] better
No edit summary
 
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Rheiderland de.png|300px|thumb|Heinitzpolder yn it Reiderlân]]
'''Heinitzpolder''' is in dyk[[streekdoarp]] en [[polder]] en tagelyk in ''[[Ortsteil]]'' yn it ''[[Ortschaft]]'' [[Dollart]] yn de gemeente [[Bunde (Dútslân)|Bunde]] yn it [[East-Fryslân|Eastfryske]] [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]. In lyts part fan Heinitzpolder heart by de gemeente [[Jemgum]] dy't noardlik dêrfan leit. It plak hat likernôch 300 ynwenners.
Line 5 ⟶ 4:
== Lizzing ==
Heinitzpolder leit eastlik fan de [[Doalert]] en wurdt troch in smelle stripe fan it gebiet fan [[Kanalpolder]] fan de Doalert skaat. Yn it súdwesten grinzget er oan [[Landschaftspolder]]. Troch diken waard it gebiet beskerme tsjin [[oerstreaming]]s. De polder ûntstie troch lânoanwinning en leit op fruchtber [[seeklaai]]grûn. It doarp fan de polder leit oan in [[slieperdyk]]. In kanaal soarget foar it ûntwetterjen.
 
== Skiednis ==
De [[polder]] ûntstie troch it [[slyk|oansliken]] fan [[sedimint]]en troch it wetter fan de [[Doalert]]. It oanslike lân waard letter bedike. Yn [[1773]] pachten guon ûndernimmers fan [[Landschaftspolder]] it uterdykse lân en setten útein mei de dykbou, mar bruts troch by in [[stoarmfloed]]. In twadde groep dy't ynteresse yn it gebiet hiene besochten fan [[1794]] oant [[1796]] foar in twadde kear it gebiet te bedykjen en dy kear slagge it better. Heinitzpolder waard de earste polder yn it Reiderlân mei in befarber [[Kanaal (wetterwei)|kanaal]], dy't troch in [[syl]] ferbûn wie mei de Doalert. Yn [[1796]] waard foar it earst de namme ''Heinitz Polder'' brûkt, neamd nei de [[Prusyske]] steatsminister [[Friedrich Anton von Heynitz]] (1725-1802)
 
Yn de [[Frânske tiid]] waard it gebiet by it Nederlânske [[departemint Westeriems]] yndield. Yn [[1813]] waard der foar it earst in gemeente [[Dollart]] foarme, dy't bestie út de doarpen Heinitzpolder, [[Landschaftspolder]], [[Bunderhammrich]], [[Böhmerwold]] en [[Sankt Georgiwold]]. Nei de delslach fan [[Napoleon]] kaam it gebiet oan it [[keninkryk Hannover]] en waarden de plakken fannijs selsstannige gemeenten. De [[Wettersneed fan 1825|wettersneed]] fan febrewaris [[1825]] feroarsake in dykynbrek yn de Heinitzpolder en dêrtroch strûpte it lân ûnder wetter. Fan [[1874]] oant [[1877]] waard it oanslike lân, dy't tsjin de Heinitzpolder oanlei, bedike, en dêrmei ûntstie de [[Kanalpolder]]. Yn [[1885]] waard [[Eastfryslân]] fannijs Prusysk. Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] kaam der in tastream [[Ferdriuwing fan Dútsers nei de Twadde Wrâldkriich|flechtelingen út it easten fan Dútslân]] wei.
 
Yn [[1966]] waard de [[Samtgemeinde|gearwurkjende gemeente]] [[Dollart]] fannijs stifte dy't út de doarpen [[Ditzumerhammrich]], [[Ditzumerverlaat]], [[Bunderhammrich]], Heinitzpolder en [[Kanalpolder]] bestie. Yn [[1973]] ferlear Heinitzpolder syn selsstannigens foargoed, doe't de gemeente Dollart in [[Einheitsgemeinde|ienheidsgemeente]] waard en part fan de gearwurkjende gemeente Bunde waard, dy't yn [[2001]] sels wer in ienheidsgemeente waard.
 
== Religy ==
Sûnt [[1821]] hearde Heinitzpolder by de tsjerkegemeente Landschaftspolder, en sûnt [[1887]] by Ditzumerverlaat. Dêr waard in nije [[Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân|grifformearde]] gemeente stife, dy't yn [[1896]] in eigen tsjerke krige.
 
== Keppeling om utens ==
* [https://www.gemeinde-bunde.de/ websteeWebstee fan de gemeente Bunde]
* Doarpsbeskriuwers fan it [[Ostfriesische Landschaft]]: [https://www.ostfriesischelandschaft.de/fileadmin/user_upload/BIBLIOTHEK/HOO/HOO_Heinitzpolder.pdf ''Heinitzpolder''] (PDF; 218 kB)