Willem Santema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
 
==Jonkheid, oplieding en wurk==
Santema waard berne as twadde soan fan boer Tjitse Santema en Gerbrich de Roos. Hy gie nei de [[MULO]] yn [[Snits]], wurke by syn heit op 'e [[pleats]], en helle yn [[1921]] in diploma oan de Rykslânbouwinterskoalle yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn [[1926]] troude hyer mei Tryntsje Atsma út [[Toppenhuzen]]. Earst wennen se op in pleats yn [[Skearnegoutum]], mar yn [[1932]] begûnen se teagearre in radiowinkel. Santema ferhierde ek auto's, soms mei himsels as sjauffeur. Yn 1934 ried er dûmny W.A. Dekker en syn frou nei Hongarije, dêr't de dûmny in earedoktoraat yn ûntfangst naam. Santema skreau in ferslach oer de reis, dat yn 1934 ûnder de titel ''Per B-2001 naar het randje van de Balkan'' yn tolve dielen ferskynde yn it tydskrift ''Land en Volk''. Yn dat reisferslach warskôge er tsjin it nije rezjym yn [[Nazy-Dútslân|Dútslân]].<br>
Flak foar de [[Twadde Wrâldoarloch]] ferhuzen de Santema's nei Snits. Santema waard yn [[1939]] lid fan de [[gemeenterie]] fan Snits. Earder, fan 1931 oant 1938 hie er al gemeenteriedslid fan [[Wymbritseradiel (1851-1984)|Wymbritseradiel]] west, beide kearen foar de [[CHU]].
 
Rigel 9:
 
==Arrestaasje, proses en eksekúsje==
Op [[23 desimber]] [[1943]] waard hyer troch de [[Sicherheitsdienst]] arrestearre yn ‘Ons Huis’. Dat wie in boppeferdjipping oan de Ruysdaelstraat yn Amsterdam dêr't stikem nei de ferbeane stjoerders [[Radio Oranje]] en [[British Broadcasting Corporation|BBC]] harke waard, wêrnei't it sa opfongen nijs yn it yllegale blêd [[Radio Londen]] publisearre waard. In grut tal leden fan de Trouw-groep waard arrestearre. De groep waard nei [[Kamp Haaren]] oerbrocht en letter nei [[Kamp Vught]]. Op sneon [[5 augustus]] [[1944]] waarden de fersetsstriders foarliedenfoarlaat by it ''Polizeistandgericht''. Santema en noch 23 fersprieders fan Trouw waarden ta de dea feroardiele. Op [[9 augustus]] waard it fûnis yn de lanlike deiblêden publisearre. Ien fan de feroardielden hie noch straffermindering krigen; de oare fûnissen bleaune hanthavene. Op [[9 augustus]] waarden seis leden fan de groep yn Vught fusillearre; op [[10 augustus]] de oaren, ek Santema.
 
==Neilittenskip==