Jan Lever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
neffens Nasjonaal Monumint kamp Vught
No edit summary
Rigel 5:
Jan Lever wurke yn de yllegaliteit ûnder de skûlnamme ''Jan de Boer''. Hy siet yn de [[Groep Lever|fersetsgroep Lever]], dêr't ûnder oaren ek syn heit [[Hendrik Jakob Lever sr.]] (Grins, 16 juny 1891 - [[Dachau (konsintraasjekamp)|Dachau]], 8 maart 1945), syn broer [[Hendrik Jacob Lever jr.]] (Grins, [[26 desimber]] [[1923]] - [[Kamp Vught]], [[18 augustus]] [[1944]]), syn suster Meta Lever en Willem Santema byhearden.
 
De timmerman Willem Stegenga wie al gau anneks mei it wurk fan de groep Lever, lykas [[Jan de Rapper]] dy't bedriuwslieder wie fan Willem Santema syn saak oan de Oosterdijk. Ien fan de bekendste Snitser fersetslieders wie de resersjeur [[Dick J. Brouwer]], dy't bekend waard ûnder de [[skûlnamme]] 'Bontje'.
 
De groep Lever ferspriede yllegale blêden - lykas ''Vrij Nederland'' en ''Trouw'' - en holp [[joaden]] oan ûnderdûkadressen. De joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân mei beurtskippen nei Fryslân ta. Tydlik bleaune se dan by de famylje Lever oan it Lytssân oant se in fêst adres krigen. De groep Lever soarge ek foar finansjele stipe fan ûnderdûkers.
 
== BBC-nijs ==
Doe't nei de april-maaiestaking fan 1943 de minsken harrenhar radiotastellen ynleverje moasten, besocht de [[groep Lever]] om op in oare manier ynformaasje te fersprieden. Op 15 juny ferskynde it earste nûmer fan BBC-nijs, in stinsile yllegaal blêd.
 
== Oerfal oan it Lytssân ==
Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 oerfoel de [[Sicherheitsdienst]] (SD) it haadkertier fan de groep Lever. Dat wie it âldershûs oan it [[Lytssân (Snits)|Lytssân]]. InkeleInkelde leden koenen noch krekt útnaaie troch oer de dakken te flechtsjen. Heit Hendrik Jacob Lever sr. waard arrestearre, tegearre mei it joadske famke Rosa IJzerman dat by de Levers ûnderdûkt siet. Se kamen net werom út it [[konsintraasjekamp]].
 
== Deasketten yn in fjoergefjocht ==
Jan Lever ferliet Snits nei de oerfal en gie nei [[Drachten]] ta. Omt de besetters him op it spoar wiene, gie hyer fierder en sleat him oan by in Grinslanner knokploech. Op [[21 augustus]] 1944 die er mei twa oare fersetsstriders mei oan in oerfal op it distribúsjekantoar fan Slochteren. De amtners en de oanwêzige besikers waarden opsluten. Ien fan harren hie lykwols in reservekaai, dêr't er mei ûntsnapte. Dy persoan alarmearre de Dútske ynstânsjes, dy't de trije oerfallers mei harrenhar bút efterhellen op in boerehiem yn Eenum. Dêr ûntstie in fjoergefjocht, dêr't Jan Lever by troffen waard en it libben ferlear.<br>
Meistrider Hendrik de Haan kaam ek om. It tredde lid fan de knokploech, Kornelis Roeters, stoar yn it konsintraasjekamp [[Sachsenhausen (konsintraasjekamp)|Sachsenhausen]].
 
Rigel 23:
 
== Betinkingsmonumint ==
Op it Algemiene [[Begraafplak fan Snits]] stiet in betinkingspmonumint op it grêf fan de famylje Lever. Yn 1945 skreau de Feriening Fryslân 1940-1945 in priisfraach út foar in Fryske tinkstien. It waard in ûntwerp fan de Amsterdamske arjitektarsjitekt Marinus Duintjer mei it motto ''En de toortsen branden op de terpen''. Op de twa meter hege fjouwerkante pylder mei boppe-panboppeoan in slútstik mei in liuw, stie de spreuk fan J. de Vries fan [[Balk]]: ''Fallen yn<!-- sic -->'e striid tsjin ûnrjocht en slavernij - dat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje''. Op de stien van de famylje Lever steane de nammen fan heit Hendrik Jacob en syn soannen Jan en Hendrik Jacob. Under de nammen stiet de tekst: ''Ik heb den goeden strijd gestreden, ik heb den loop geëindigd, ik heb het geloof behouden, voorts is mij weggelegd de kroon der rechtvaardigheid. 2 Timotheüs 4, verzen 7 en 8a''.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=