Femke Faber: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Ynfoboks sporter | ôfbylding = | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingtekst = | echte namme = Femke Faber | bynamme = | nasjonaliteit = | bertedatum = 14 maart 1995 | berteplak = De Jouwer | stjerdatum = | stjerplak = | etnisiteit = | regionale identiteit = | grutte = | gewicht = | sport = Kuorbal | ûnderdiel..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 30 nov 2021 om 13.33

Femke Faber (De Jouwer, 14 maart 1995) is in Fryske kuorbalster. Se is spylster by kuorbalklup LDODK en spilet sûnt 2021 yn it Nederlânsk kuorbalteam.

Femke Faber
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Femke Faber
bertedatum 14 maart 1995
berteplak De Jouwer
sportive ynformaasje
sport Kuorbal
ûnderdiel flagge fan Nederlân LDODK (2002-2019)
flagge fan Nederlân LDODK (> 2021)

Spilerskarriêre

Earste Faze

Faber begûn op 7-jierrige leeftyd te kuorbaljen by LDODK. Dêr spile se yn de jeugdteams.

Yn it seizoen 2014-2015, op 19-jierrige leeftyd, sleat Faber oan by de haadmacht fan LDODK, dat ûnder lieding stie fan coach Jan Sjoerd Pool. Yn dat seizoen spile LDODK foar de earste kear yn de klupskiednis sawol op it fjild- as yn de sealkompetysje yn de heechste klasse.

Yn har earste seizoen spile se har mei LDODK yn de Kuorbal League feilich foar hanthavening troch 7e te wurden yn de kompetysje. Yn de fjildkompetysje die de klup it ferrassend goed en helle op ien punt nei de play-offs. Uteinlik waard LDODK 3e yn de Eareklasse A. It talint fan Faber waard net oer de holle sjoen, want hja waard nominearre foar Talint fan it Jier. Spitigernôch seach se dy priis oan har foarby gean.

Foar it folgjende seizoen, 2015-2016 krige LDODK in nije haadcoach, Erik Wolsink. Yn de seal die de ploech it better as it jier dêrfoar mei in seisde plak yn de kompetysje. Yn de fjildkompetysje waard de ploech tredde, wêrtroch’t it (lykas it jier dêrfoar) de playoffs miste.

Flak foardat it seizoen 2016-2017 begûn waard de ploech fersterke. Sa kamen ynternationals Marjolijn Kroon en Friso Boode de ploech fersterkjen. Troch dy kwaliteitsympuls die de ploech it goed. Yn de Kuorbal League waard de ploech mei 23 punten tredde yn de kompetsyje. Dêrtroch pleatste LDODK him foar de earste kear yn de klupskiednis him foar de play-offs. Yn de best-of-3 searje ferlear LDODK yn twa wedstriden fan TOP, de ploech dy’t úteinlik sealkampioen wurde soe. Yn de fjildkompetysje wie it dat jier wol raak, LDODK pleatste him doe al foar de play-offs. Yn de krúsfinale wûn LDODK fan favoryt PKC mei 22-18, wêrtroch’t LDODK him foar de earste kear yn de klupskiednis pleatste foar de Nederlânske fjildfinale. Yn de finale trof LDODK it Amsterdamske AKC Blauw-Wyt. LDODK ferlear de wedstryd mei dikke sifers, 22-12, wêrtroch’t it fjildseizoen yn mineur einige. Wol hie LDODK him yn de top fan kuorbaljend Nederlân fêstige.

Mei hege ambysjes begûn LDODK oan it seizoen 2017-2018. Mar it seizoen ferrûn lykwols net soepel. Yn maart 2018 drige de ploech de play-offs yn de seal te missen. Om it tij te kearen bruts LDODK mei coach Wolsink. Ad interim waard assistint Henk Jan Mulder de haadcoach. It slagge lykwols net mear om de play-offs te heljen, wêrmei’t it sealseizoen yn mineur einige.

Yn seizoen 2018-2019 die LDODK wer mei om de prizen. Yn de Kuorbal League waard de ploech nei de reguliere kompetysje tredde, wêrmei’t it him oertsjûgjend pleatste foar de play-offs. Yn de best-of-3 searje ferlear LDODK yn twa wedstriden fan PKC. Wat letter, yn de fjildkompetysje wûn LDODK de krúsfinale fan TOP, wêrtroch’t it him foar de earste kear yn de kluphistoarje pleatste foar de Nederlânske fildfinale. De finale waard in Noardlike finale, want DOS'46 wie de tsjinstanner. Foarôfgeand oan dizze finale hie Faber al oanjûn te stopjen mei topkuorbal. It soe dus har lêste wedstryd mei LDODK wurde. Uteinlik wûn DOS'46 de wedstryd mei 18-14, wêrtroch’t LDODK him tefreden stelle moast mei sulver.

Twadde Faze

Yn 2019, nei de ferlerne fjildfinale naam Faber ôfskied fan it topkuorbal, op 24 jierrige leeftyd. Yn kuorbalseizoen 2020-2021 naam coach Henk Jan Mulder wer kontakt op mei Faber, oft hja weromkomme woe by LDODK op it heechste niveau. Wyls wie ynternational Marjolijn Kroon stoppe by de klup en de ploech socht om sterke dames foar de seleksje. Faber besleat werom te kommen. Hja sleat har yn jannewaris 2021 wer oan by de seleksje, mar moast earst op kondysje komme. [1] Uteinlik makke se har rentree yn de play-offs, doe’t LDODK tsjin Fortuna spile yn de twadde omloop fan de play-offs. Yn de wedstryd fan har return wûn LDODK foar de earste kear yn de kluphistoarje in play-off wedstryd. [2] LDODK ferlear lykwols de tredde, beslissende play-off wedstryd mei 22-17, wêrtroch’t de ploech dochs noch útskeakele waard. Wol wie Faber werom op nivo.

Oranje

Yn augustus 2021 waard Faber troch bûnscoach Jan Niebeek tafoege oan de seleksje fan it Nederlânsk kuorbalteam.[3] Hja wûn mei Oranje goud op op it Europeesk Kampioenskip fan 2021.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is in oersetting fan de Nederlânske Wikipedia fan 30 novimber 2021
  • Youtube
Referinsjes