Stins Bunderhee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 68:
Yn [[1928]] waarden der feiligensmaatregels nommen, yn [[1972]] waard it tek fernijd. Yn [[1976]] bemachtige it [[Ostfriesische Landschaft]] de stins fan de widdo Klasine Elias en liet yn 1976-1978 renovaasjewurk útfiere.
 
Fan 1978 oant 2002 wie de stins de sit fan de [[Noarddútske Oargelakademy]] ûnder lieding fan Harald Vogel. Dêr kamen professors út de gânse wrâld byinoar foar de histoaryske oargels fan it [[Oargellânskip East-Fryslân]]. Ek joech Vogel ynternasjonale simmerkursussen yn de stins. Dêrtroch befette de stins in weardefolle samling histoaryske snaarynstruminten en ferskate replika's. Yn [[2002]] waarden dy ynstruminten nei it [[Organeum]] yn [[Weener]] oerbrocht.
 
Tusken 2002 en 2008 tsjinne de stins as atelier fan de Eastfryske keunstneresse Elisabeth Tatenberg en de Nederlânske arsjitekt Jan Timmer ûnder de namme ''Kunsthaus Steinhaus'' en as wente.