Elizabetaanske Tiid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
kt
 
Rigel 4:
Op it mêd fan 'e polityk en de [[religy]], saken dy't doedestiden noch ûnskiedber mei-inoar ferbûn wiene, rekke de [[protestantisme|protestantske]] [[Reformaasje]] yn Ingelân einlings algemien akseptearre, nei it hinne-en-wer-belied fan Elizabeth har foargongers [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], [[Edwert VI fan Ingelân|Edwert VI]] en [[Marije I fan Ingelân|Marije de Bloedige]]. Dêrby spile de iepentlike fijânskip fan [[roomsk-katolisisme|roomske]] lannen as [[Spanje]] in grutte rol, mei as hichtepunt it ferslaan fan 'e [[Spaanske Armada]], yn [[1588]]. Fierders fûnen yn 'e Elizabetaanske Tiid de ferneamde ûntdekkingsreizen fan [[Francis Drake|sir Francis Drake]] en [[Walter Raleigh|sir Walter Raleigh]] plak. Teffens wie de Elizabetaanske Tiid it lêste tiidrek wêryn't Ingelân noch in lân op himsels wie, mei't Elizabeth, dy't nea troude en gjin bern hie, opfolge waard troch har fiere famyljelid, kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI]] fan [[Skotlân]] (dy't yn Ingelân ûnder de namme [[Jakobus I fan Ingelân|Jakobus I]] op 'e troan kaam), sadat Ingelân en Skotlân fan [[1603]] ôf in [[personele uny]] kamen te foarmjen.
 
[[Kategory:Elizabetaanske Tiid| ]]
[[Kategory:Skiednis fan Ingelân]]
[[Kategory:Skiednis fan it Feriene Keninkryk]]