Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} 400px|thumb|Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân It '''Oargellânskip Eastfryslân''' is mei likernôch 90 oargels út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch Eastfryslân hinne. 60 dêrfan kome fan de tiid foar 1850. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde e..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 des 2021 om 04.26

It Oargellânskip Eastfryslân is mei likernôch 90 oargels út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch Eastfryslân hinne. 60 dêrfan kome fan de tiid foar 1850. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde en achttjinde iuw kamen der mear ynfloeden út Hamburch en Westfalen wei. De Eastfryske oargelbou fan de njoggentjinde iuw wie oant 1870 noch reedlik konservatyf en de ynstruminten waarden nei grûnbegjinsels fan barokke styl boud. Tusken 1870 en 1950 waarden der yn ferhêlding in bytsje oargels boud, en waarden de âlde oargels noch hieltyd brûkt. Hast alle oargels waarden yn de lêste fyftich jier restaurearre, sa't it oargellûd yn de oarspronklike steat opholpen waard. Yn de lêste desenniums naam de belangstelling tige ta en lûkt it Oargellânskip Eastfryslân oargelbouwers en organisten út de hiele wrâld wei.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân